De kommunikaasje mei Mission Control giet koart dêrnei ferlern as de wolk romte-ôffal almar mear kommunikaasjesatelliten ferneatiget. Ear't de astronauten de Explorer wer berikke kinne, wurde ek it romtefear en de Hubble-teleskoop troffen troch it romte-ôffal, wêrby't Stone losskuord wurdt en de romte yn tommelet. Kowalski rêdt har troch in Manned Maneuvering Unit (MMU) te brûken (sis mar in jetpack foar yn 'e romte), en tegearre keare se werom nei de Explorer. Dêr ûntdekke se dat alle oare bemanningsleden deadlik rekke binne, wylst it romtefear sels katastrofale skea oprûn hat en ûnbrûkber is. Kowalski en Stone besluten om harren MMU te brûken om it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) te berikken, dat yn in baan om 'e Ierde draait op in ôfstân fan 1.450 km fan harren ôf. Kowalski rûst dat se 90 minuten hawwe ear't de wolk mei romte-ôffal om 'e Ierde hinne draait is en harren wer bedriigje sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Underweis nei it ISS beprate de beide astronauten it libben fan Stone foar't se astronaute waard, wêrby't Stone fertelt dat se in jong dochterke hie dat omkommen is by in ferkearsûngemak. As se tichter by harren bestimming komme, sjogge se dat de bemanning fan it ISS nei de Ierde weromkeard is yn ien fan 'e beide Russyske Sojûz-romtefearen, wylst fan 'e efterbleaune Sojûz by de gaoatyske evakuaasje by fersin de parasjute foartidich útsmiten is, sadat it foar Kowalski en Stone ûnbrûkber is om mei nei de Ierde werom te kearen. Kowalski oppenearret om 'e Sojûz te brûken om mei nei it Sineeske romtestasjon Tiangong te gean, dat nochris 100 km fierder is. Dêr kinne se dan hooplik in Shenzhou-romtefear brûke foar harren weromkear nei it ierdoerflak.
Wylst Stone har lucht en de branje fan 'e MMU frijwol op is, besykje de beide astronauten, dy't folle mear faasje hawwe as it ISS, yn it foarbygean it romtestasjon fêst te gripen. Stone har skonk heakket fêst yn in koarde fan 'e parasjute fan 'e Sojûz, en sy pakt it tsjoar fan Kowalski syn romtepak beet. Lykwols, it docht al rillegau bliken dat de koarde brekke sil om't se tegearre tefolle gewicht en faasje hawwe. Tsjin alle protesten fan Stone yn makket Kowalski him fan har los, sadat er sels de romte yn sweeft, wylst sy troch de min oft mear elastyske parasjutekoarde weromskuord wurdt nei it ISS. Dêrmei rêdt er har libben troch syn eigen op te offerjen. Kowalski hâldt oan mei syn kommunikaasje mei Stone, wêrby't er har kalmearret en oanfiteret, oant er úteinlik bûten berik fan harren radioferbining rekket.
Stone giet it ISS binnen en besiket om 'e nocht mei Kowalski of de Ierde te kommunisearjen, wêrnei't se konkludearret dat sysels no de iennichste oerlibjende astronaut yn 'e romte is. As der oan board fan it romtestasjon brân útbrekt, bejout se har fluch-fluch nei de Sojûz, mar as se fuort sil, heakje de koarden fan 'e parasjute efter in útstykjend diel fan it stasjon. Se wurdt twongen in romtekuier út te fieren om 'e koarden troch te snijen. Dat slagget har krekt foar't de wolk romte-ôffal wer foarby fljocht en dêrby it ISS ferneatiget. Stone wit mei de Sojûz oan it romte-ôffal te ûntkommen, en rjochtet it fear op 'e Tiangong, mar ûntdekt ta har frustraasje al rillegau dat de Sojûz net oer branje beskikt, sadat se nearne hinne giet.
Fannijs besiket Stone mei de Ierde te kommunisearjen, en diskear slagget it har kontakt te krijen, mar dejinge mei wa't se praat is in Inûyt-fisker dy't Grienlânsk sprekt, sadat it petear sinleas is. Neitiid leit Stone har del by har lot en slút de soerstoffoarrie fan 'e Sojûz ôf om selsmoard te dwaan. As se it bewustwêzen begjint te ferliezen, komt Kowalski ynienen it romtefear binnen en beskrobbet har om't se it opjûn hat. Hy seit dat se retroraketten foar in sêfte lâning omkeare moat om 'e Sojûz yn beweging te krijen nei de Tiangong. Hoewol't Stone beseft dat de hommelse ferskining fan Kowalski mar in hallusinaasje wie dy't opwekke waard troch har eigen soerstofgebrek, jout it foarfal har wer de wil om fierder te gean. Se set de soerstoftafier wer oan en bringt it plan mei de retroraketten yn 'e praktyk.
De Tiangong blykt ûnderwilens stadichoan út syn baan oan it fallen te wêzen, en sil mei koarten opbrâne as er de atmosfear fan 'e Ierde binnenkomt. Om't Stone de Sojûz net oan it stasjon fêstmeitsje doar, fiert se in nije romtekuier út, wêrby't se harsels troch te spuitsjen mei in brânblusser yn 'e juste rjochting stjoert. Se wit de Tiangong yn te kommen op itselde stuit dat it romtestasjon de boppeste atmosfear yngiet. Krekt op 'e tiid slagget se mei de Shenzhou fuort, foar't it stasjon ûndergiet. Yn it Sineeske romtefear wit Stone mei súkses de atmosfear binnen te kommen, mar by it omleech gean rekket de Shenzhou skansearre troch brokstikken fan 'e útinoarfallende Tiangong. Fan gefolgen brekt der brân út yn 'e kapsule. As de kapsule yn in mar delkomt, moat Stone dan ek sjen dat se der halje-trawalje út komt. Under wetter klaut se har swiere romtepak út en swimt dan nei de marsigge. Nei't se boppe har de restanten fan 'e Tiangong opbrânen sjocht yn 'e atmosfear, set Stone har earste wiffe stappen op 'e Ierde.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Gravity in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 328 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fan Alfonso Cuarón is in grizelinge, spannende science fiction-skriller, dy't masterlik regissearre en fisueel ferbjusterjend is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Gravity in goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 49 resinsjes.
By de Golden Globes waard Gravity nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste aktrise yn in dramafilm en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste regisseur. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Gravity nominearre yn 11 kategoryen. De film wûn 6 prizen, foar bêste Britske film, bêste regisseur, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste special effects. Ek wûn Gravity de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).