N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is María Eugenia Ignacia Augustina. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Palafox, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Kirkpatrick. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Palafox of oars (de) Palafox y Kirkpatrick brûkt wurde.
Yn maart1839, nei it ferstjerren fan harren heit yn Madrid, kearden Eugénie en Paca út Parys werom dêrhinne. Yn Spanje waarden se weriene mei harren mem, dy't al earder weromgien wie. Eugénie groeide yn Madrid op ta in koppige jonge frou, dy't in protte lichaamlik aktyf wie mei dingen as hynsteriden en sport yn in tiid dat fan froulju eins ferwachte waard dat se sokke aktiviteiten safolle mooglik oan manlju oerlitte soene. Se moast ienris fan 'e ferdrinking rêden wurde en besocht twaris harsels tekoart te dwaan nei oanlieding fan romantyske teloarstellings. Ek wie se tige by tige ynteressearre yn 'e polityk, en se ûntjoech har ûnder de ynfloed fan Eleanore Gordon, in eardere mêtresse fan (har lettere man) Louis Napoléon, ta in hertstochtlik oanhingster fan 'e bonapartistyske saak. Tanksij de rol fan har mem María Manuela as gastfrou fan wielderige bals en banketten dêr't de hiele beau monde fan Spanje oanwêzich wie, kaam Eugénie yn 'e kunde mei keninginneIsabella II en mei premierRamón Narváez. Underwilens fielde María Manuela almar mear oandriuw om in man foar har jongste dochter te finen, en dêrom naam se Eugénie mei op reizen nei Parys yn 1849 en Ingelân yn 1851.
Sawol sysels as har poppe hiene ûnder de lange kream yn libbensgefaar ferkeard, en Eugénie bettere neitiid mar stadich wer op. Se makke har man dúdlik dat se fierdere seksuële omgong mei him "walchlik" fine soe, en har biografen betwifelje oft se ea wer mei him op bêd gie doe't se oan har ferplichtings foldien hie om him in erfgenamt te jaan. It is de fraach oft Napoleon III dat slim fûn; dúdlik is yn elts gefal dat er wer begûn om te slaan mei oare froulju, eat dat eufemistysk oantsjut waard as syn petites distractions ("lytse ôfliedings").
Publyk libben
Yn it iepenbier ferfolle Eugénie trou har plichten as keizerinne-gemalinne, û.m. troch gasten te ûntfangen en har man te beselskipjen nei bals en by besiken oan 'e opera en it teäter. Har seis (en letter tolve) hofdames, de saneamde dames du palais ("paleisdames"), waarden keazen út it fermidden fan har kunde fan foar har houlik. Hja stiene ûnder lieding fan 'e grutmasteresseAnne Debelle, prinsesse fan Essling en de dame d'honneur ("earedame") Pauline de Bassano. Eugénie reizge yn 1869 nei Egypte om yn it stee fan har man offisjeel it Suëzkanaal te iepenjen (de oanlis wêrfan't beävensearre wie troch Frânske yngenieurs ûnder lieding fan Ferdinand de Lesseps). Ek by oare bûtenlânske gelegenheden fertsjintwurdige se Napoleon III. Har man frege har gauris om rie by wichtige beliedssaken, en hy stelde har oan as offisjele regintesse oer Frankryk by syn eigen ôfwêzigens yn Parys yn 1859, 1865 en 1870. Yn 1860 besocht it keizerlik pear tegearre de Frânske koloanjeAlgerije.
Yn 1868 besocht Eugénie it Dolmabahçe Paleis yn Konstantinopel, dêr't de harem fan it Osmaanske Ryk húsfêste wie. SultanaPertevniyal Sultan, de mem fan sultanAbdülaziz, swaaide dêr de skepter. Hja waard ta razernij brocht om 'e frijheden dy't har bûtenlânske gast har permittearre, doe't Eugénie earmke-om gie mei ien fan har soannen, dy't har in rûnlieding troch de tunen fan it paleis joech. Om 'e keizerinne tebinnen te bringen dat se net yn Frankryk wie, soe Pertevniyal har in stomp yn it weak fan 't liif jûn hawwe. Neffens in oare ferzje fan it ferhaal beskôge Pertevniyal de oanwêzigens fan in útlânske frou yn har domein as in mislediging en soe se Eugénie dêrom in klap yn it gesicht jûn hawwe. Yn elts gefal waard der in klap of in stomp útdield, en late dat op in hier nei ta in ynternasjonaal ynsidint tusken Frankryk en it Osmaanske Ryk.
Nei it útbrekken fan 'e Frânsk-Dútske Oarloch, yn 1870, bleau Eugénie yn Parys as regintesse, wylst Napoleon III en kroanprins Napoléon Eugène har by de Frânske troepen oan it front joegen. Doe't op 7 augustus fan dat jier de tynge Parys berikte fan ferskate ferpletterjende nederlagen dy't de Dútsers de Frânsen tabrocht hiene, hearske yn 'e Frânske haadstêd in sfear fan ûnleauwe en ûntsetting. Premier Émile Ollivier en maarskalkEdmond Le Bœuf, de stêfsjef fan 'e Frânske striidkrêften, namen allebeide ûntslach, dat it foel oan Eugénie ta om in nij regear te foarmjen. Hja stelde de 74-jierrige generaalCharles Cousin-Montaban, better bekend as de greve fan Palikao, oan as de nije premier, en dyselde beneamde maarskalk François Achille Bazaine, de befelfierend legerkommandant yn Loataringen, ta nije stêfsjef.
Napoleon III, dy't besefte dat er oan it front oer en tefolle wie, stelde foar om werom te gean nei Parys, sadat er dêr de leie wer yn 'e hannen nimme koe, mar Eugénie stjoerde him in telegram werom dêr't se yn sei: "Helje it dy net yn 'e holle om werom te kommen, of it moat wêze datst in freeslike revolúsje op gong bringe wolst. Se sille sizze datst it leger yn 'e steek litten hast om it gefaar te ûntflechtsjen." Dêr wie gjin spjeld tusken te krijen, dat de keizer bleau by it leger, hoewol't er ferstannigernôch wie om it liedingjaan oan 'e troepen oan syn generaals oer te litten. Om't Eugénie it regear stevich yn 'e hannen hie, betsjutte dat dat er sels eins gjin rol fan betsjutting mear spylje koe. Tsjin maarskalk Le Bœuf murk er op: "We binne allebeide oan 'e kant set."
Nei in nije nederlaach yn 'e Slach by Sedan joech Napoleon III him oer oan 'e Dútsers. It nijs fan syn kapitulaasje berikte Parys op 3 septimber. Doe't se hearde dat har man, soan en it hiele Frânske leger no yn kriichsfinzenskip wiene, ûntstiek Eugénie yn grutte grime en frege har lûdop ôf wêrom't de keizer net selsmoard dien hie en oft er net besefte hoe'n skande oft er oer himsels en syn hûs brocht hie troch him oer te jaan. Letter, doe't in fijannige kliber folk gearklofte by de Tuileryen en it tsjinstfolk en de stêf fan it paleis útnaaide, gloep Eugénie mei in hofdame troch in sydyngong nei bûten ta en socht se beskûl by har Amerikaansketoskedokter, Thomas W. Evans. Dyselde begelate har nei Deauville, oan 'e kust fan It Kanaal, en dêrwei stiek se op 7 septimber op it jacht fan in Britske funksjonaris oer nei Ingelân.
Yn 1885ferfear Eugénie út Chislehurst nei Farnborough, yn Hampshire, dêr't se in filla bewenne wêryn't no de roomske famkesskoalleFarnborough Hill fêstige is. Dêrnjonken liet se om dy tiid ek de Villa Cyrnos bouwe, op Kaap Martin, tusken Menton en Nice, oan 'e Súdfrânske Côte d'Azur. De namme fan 'e filla wie de Grykske namme foar it eilân Korsika, dêr't de famylje fan har man wei kaam. As se yn Frankryk tahold, libbe Eugénie in weromlutsen bestean en bemuoide se har net mei de polityk, en yn ruil dêrfoar waard har troch de lieders fan 'e Frânske Republyk gjin striebreed yn 't paad lein.
Nei Eugénie fan Montijo is de asteroïde45 Eugenia ferneamd, en de moanne fan dy asteroïde hjit Petit-Prince ("Lytse Prins"), in ferwizing nei har soan Napoléon Eugène.
De eugéniehoed is in type holdeksel foar froulju mei de râne oan beide kanten rjocht opsteand en faak mei in strúsfûgelfear der boppe-op. Dat type hoed wurdt dramatyske bryk en suver oer ien each hinne hingjend droegen. It waard populêr makke troch filmstjerGreta Garbo, en wie yn 'e iere 1930-er jierren in skoftsje in raazje. Represintativer fan 'e eigentlike dracht fan Eugénie fan Montijo wie de eugéniepatelot, in boppemantel foar froulju mei klokmouwen en in inkele knoop by de hals sadat er net ôfglydzje koe.