De Egyptyske ichneumon hat trochinoar in kop-romplingte fan 48-60 sm, mei in sturtlingte fan 33-54 sm en in gewicht fan 1,7-4 kg. Dit bist hat in rank bealchje mei in smel, spjochtich snútsje en lytse earen. De bek sit fol mei 35-40 flymskerpe tosken, dy't bedoeld binne om fleis mei te snijen. De lange, rûge pels rint yn kleur útinoar fan grizich oant rodzich brún, en hat brune en giele spikkels. De sturt hat in swart útein. De efterpoaten en lytse stikjes om 'e eagen hinne binne ûnbegroeid.
Biotoop
Egyptyske ichneumons jouwe de foarkar oan wâlden, savannes of gebiet mei in protte strewelleguod. It binne lykwols fernimstige bisten, dy't har maklik oanpasse kinne. Yn elts gefal komme se nea fier fan oerflaktewetter foar.
Hâlden en dragen
De Egyptyske ichneuman is in deidier en libbet yn lytse famyljegroepkes fan 1-7 eksimplaren, dy't yn 'e regel besteane út in mantsje, ferskate wyfkes en harren jongen. Jonge mantsjes ferlitte de groep yn 'e regel ear't se in jier âld binne, mar jonge wyfkes bliuwe faak langer en it komt ek wol foar dat dy har hiele libben by harren bertegroep bliuwe. De peartiid falt yn july of augustus, en nei in draachtiid fan 11 wiken smyt it wyfke dan in nêst fan 2-4 jongen. Dy komme blyn en keal te wrâld. De eachjes geane nei likernôch in wike iepen. Sawol de mantsjes as de wyfkes binne mei twa jier geslachtsryp. Yn it wyld libje Egyptyske ichneumons rûchwei 12 jier, mar yn finzenskip kinne se wol mear as 20 jier wurde.
Fretten
Op it menu fan Egyptyske ichneumons stiet benammen fleis, wêrûnder kjifdieren, fisken, fûgels, reptilen, amfibyen en ynsekten, koartsein alles wat se te pakken krije kinne. Fruchten en aaien litte se ek net lizze. Aaien brekke se iepen troch se tsjin in stien of in muorre te smiten. Likemin as oare mangoesten skrikke Egyptyske ichneumons derfoar werom om gifslangen oan te fallen en op te fretten. Se hawwe sadwaande in hege tolerânsje ûntwikkele foar it gif fan trije soarten slangen: de Palestynske njirre (Vipera palaestinae), de swarte woastynkobra (Walterinnesia aegyptia) en de swarthalskobra (Naja nigricollis).