Yn 786 waard foar de earste kear it wurd Dútsk brûkt: theodisce, wat letterlik 'yn de folkstaal' betsjutte. 'theudo' is ommers it âld-Germaanske wurd foar folk. De rest (-iska) is in suffiks.
De Nijheechdútske standerttaal ûntstie yn de 15e oant en mei de 18e iuw út de Middeldútske (Mitteldeutsch) en Boppedútske (Oberdeutsch) dialekten. It Nederdútsk koe him, foar 't neist om politike redenen, net as skriftaal ûntwikkelje. Marten Luther hat mei syn Bibeloersetting fan 1534 gâns ynfloed hân op de fersprieding fan de Dútske standerttaal. Yn 1852 setten de bruorren Grimm útein mei de útjefte fan it grutste Dútske wurdboek ea. It lêste diel fan dat wurdboek waard yn 1961 publisearre.
Yn de âldere taalwittenskiplike literatuer wurdt it begrip Dútsk bytiden as synonym foar it begrip Kontinintaalwestgermaansk brûkt. Beide begrippen bedoele it hjoeddeiske Dútsk en Nederlânsk, dus it Westgermaansk sûnder Ingelsk en Frysk. Dit is basearre op in idee dat men tsientallen jierren fan de Westgermaanske talen hie. Men naam in Westgermaanske taal oan dy't him letter opdielde yn it saneamde "Anglo-Frysk" (Ingelsk en Frysk) en it "Oer-Dútsk" (koart "Dútsk"), de foarrinder fan de hjoeddeiske talen Dútsk en Nederlânsk. Dizze yndieling waard yn 1898 foar it earst makke troch de Dútske taalwittenskipper Karl Müllenhoff. Al yn 1943 stelde de Dútske taalwittenskipper Friedrich Maurer in oar (en krekter) model foar. [1] Tsjintwurdich beskôget men de yndieling yn "Anglo-Frysk" en inkeld "Dútsk" (en dus ek it begrip Oer-Dútsk) as te ienfâldich en as net foldwaande. [2][3]
Fersprieding
It Dútsk hat sa likernôch 90-105 miljoen sprekkers.[4][5][6]
Lannen en regio's dêr't it Dútsk in offisjele status hat
Yn Poalen wenje hjoed-de-dei noch sa'n 50.000 Dútsktaligen yn de regio's Oppeln en Sileezje. Dy groep is in oerbliuwsel fan de eardere Dútsktalige befolking fan de eardere Ostgebiete (it hjoeddeistige West-Poalen) fan it Dútske Ryk. Yn oare East-Europeeske lannen as Roemeenje en Hongarije wurdt it Dútsk troch útstjerren bedrige.
Yn Frankryk wurdt yn Loataringen en yn de Elzas troch sa likernôch 1 miljoen minsken Dútsk praat. Dy minderheid is lykwols bot oan it ferâlderjen en it gebrûk fan it Dútsk nimt hurd ôf. Yn Denemarken binne der sa'n 20.000 minsken dy't it Dútsk fan hûs út prate.
Dútske minderheden bûten Europa
Yn ûnder mear Namybje (in eardere Dútske koloanje) prate sa'n 30.000 minsken Dútsk as memmetaal. Yn it Aziatyske diel fan de eartiidske Sowjetuny is it Dútsk de memmetaal fan sawat 2 miljoen minsken. Dat binne de saneamde Wolgadútsers (Wolgadeutschen). Hja waarden yn de tiid fan Stalin út harren berteplak ferdreaun en waarden nei Aazje deportearre. Yn 2006 libben se yn it Aziatyske diel fan Ruslân (sa'n 800.000 ynw.), yn Kazachstan (900.000 ynw.), Kirgyzje (100.000) en Oezbekistan.
Ek yn Noard-Amearika (Kanada en de Feriene Steaten) wenje sa'n 2 miljoen minsken dy't as memmetaal it Dútsk hawwe. Yn Austraalje wenje sa'n 70.000 minsken mei it Dútsk as memmetaal.
Yn Súd-Amearika wenje de Dútsktalige minderheden benammen yn Brazylje, Argentynje en Paraguay. It grutste diel fan de Dútsktalige Súd-Amerikanen wennet yn it súdeasten fan Brazylje, dêr't mear as in heal miljoen minsken it Dútsk as memmetaal hat.
Dútsk as twadde taal
Yn de buorlannen om it Dútske taalgebiet hinne, is it Dútsk op sekundêre skoallen fakentiden in karfak of in ferplicht fak. Dútsk wurdt as twadde taal in protte oanbean op skoallen yn û.o. de Benelúks, Bulgarije, Denemarken, Hongarije, Poalen, Ruslân, Slowakije, Sweden en Tsjechje. Ut in enkête fan de Eurobarometer út 2006 docht bliken dat Frânsk en Dútsk, nei Ingelsk, tegearre de twadde posysje ynnimme fan meast learde frjemde talen yn Europa. Fan de ynwenners fan de Europeeske Uny hat 18 persint it Dútsk as memmetaal, sa’n 14 persint kin it as twadde taal prate.[7]
Yn 2015 wienen der oer de hiele wrâld 15,4 miljoen minsken dy’t Dútske learden.[8] It grutste part fan dy groep taallearders, sa’n 61 persint, komt út Europa (sûnder Ruslân, Oekraïne en Wyt-Ruslân). In oare 3,1 miljoen Dútsklearders, sa’n 20 persint, kaam út Ruslân.[9]
Bûten it reguliere ûnderwiis biedt it Goethe-Institut (Goethe Ynstitút) Dútske taalkursussen oan op alle nivo’s.
Fan oare grutte organisaasjes lykas de Feriene Naasjes en de NAFO is it Dútsk gjin wurk- of amtstaal.
Stavering
It Dútsk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, dêr't fjouwer tekens oan tafoege binne: Ä/ä, Ö/ö, Ü/ü en ß. De ß jildt ek yn Switserlân, mar wurdt yn de deiske praktyk mar in bytsje brûkt, wol by it printsjen fan boeken. Hjoed-de-dei is de Rat für deutsche Rechtschreibung (Ried foar de Dútske Stavering) de ynternasjonale autoriteit foar de Dútske stavering. De ried betiet út fertsjintwurdigers út de measte Dútsktalige lannen en regio's.
Staveringswiziging fan augustus 1998
Op 1 augustus1998 waard de stavering fan it Dútsk wizige. Dizze stavering jildt foar Dútslân, Eastenryk, Switserlân en Lychtenstein. Dizze Staveringsferoaring is wat kontroversjeel. Foaroprinnende kranten as de Frankfurter Allgemeine Zeitung binne dan ek wer oergien op de âlde stavering fan foar 1998. Ek Nobelpriis-winnaresse Elfriede Jelinek hat al oanjûn dat hja tsjin de nije staveringsferoaring is. De wichtichste feroarings yn 1998 wienen:
De ß wurdt allinnich noch brûkt nei lange lûden en twalûden. Nei de wiziging is it bygelyks noch altyd Fuß (foet) en Straße (strjitte), mar Fluß (rivier) en Anschluß binne feroare yn Fluss en Anschluss. Mear hjiroer op de side oer de ringel-s.
It weifallen fan in tredde, selde bylûd yn gearstallings is skrapt. It eardere Schiffahrt (skipfeart) is no Schifffahrt.
De ringel-s (ß) wurdt tenei ek as haadletter skreaun wurde. Hy komt nea oan it begjin fan in wurd foar, mar as in folslein wurd yn haadletters skreaun wurde moat, dan waard de letter yn offisjele teksten altyd ferfongen troch SS.
Yn nammen fan feestdagen meie tenei alle wurden mei in haadletter skreaun wurde. Neist goldene Hochzeit is bygelyks ek Goldene Hochzeit tastien.
Soms binne der fan in wurd ferskate skriuwwizen tastien en is mar ien dêrfan gebrûklik. De ûngebrûklike skriuwwize wurdt dan skrast. It giet om ûnder oaren Ketschup (tenei altyd Ketchup), Joga (tenei altyd Yoga) en Wandalismus (tenei altyd Vandalismus).
Nei Ex- en Co- komt tenei in keppelstreekje. It wurdt dus Ex-Regierungschef. Earder waard alles oaninoar fêst skreaun.
In wiziging dêr’t út de mienskip wol op oanstien waard, mar dy’t net trochfierd is, is it tastean fan herzlich Willkommen, mei in haadletter W. Allinnich de skriuwwize herzlich willkommen bliuwt offisjeel.
de nominatyf: it ûnderwerp en namwurdlik diel fan it stelde
de genityf: útdrukken fan de besitter en oanfolling by tiidwurden/foarsetsels
de datyf: it meiwurkjend foarwerp en oanffolling by tiidwurden/(kar)foarsetsels
de akkusatyf: it saaklik foarwerp en oanfolling by tiidwurden/(kar)foarsetsels
Bij de karfoarsetsels is de datyf foar it plak en it tiidstip en de akkusatyf foar de rjochting. As it om gjin fan beide giet, wurdt altyd de datyf keazen, útsein by auf en über.
Ferbûging lidwurden (der- en ein-groep)
Namfal
Manlik
Froulik
Unsidich
Meartal
Nominatyf
der Wein
die Suppe
das Brot
die Eier
ein Wein
eine Suppe
ein Brot
keine Eier
Genityf
des Weines
der Suppe
des Brotes
der Eier
eines Weines
einer Suppe
eines Brotes
keiner Eier
Datyf
dem Wein
der Suppe
dem Brot
den Eiern
einem Wein
einer Suppe
einem Brot
keinen Eiern
Akkusatyf
den Wein
die Suppe
das Brot
die Eier
einen Wein
eine Suppe
ein Brot
keine Eier
Ferbûging eigenskipswurd
It eigenskipswurd kriget deselde einletter as it beskaat lidwurd neffens dizze tabel. De útgong fan it eigenskipswurd is dan -e, -er, -em, -en of -es. In útsûndering jildt as der al in lidwurd of foarnamwurd mei in namfalsútgong is, dat binne yn de tabel hjirboppe de lidwurden mei in giele eftergrûn. Yn dat útsûnderingsgefal kriget it eigenskipswurd in ferienfâldige útgong, sa't hjirûnder te lêzen stiet:
Namfal
Manlik
Froulik
Unsidich
Meartal
Nominatyf
-e
-e
-e
-en
Genityf
-en
-en
-en
-en
Datyf
-en
-en
-en
-en
Akkusatyf
-en
-e
-e
-en
Ferbûging regelmjittich tiidwurd
It bûgjen fan it regelmjittige tiidwurd machen giet as folget:
Wohnen
Utgong
ich
wohne
e
du
wohnst
st
er, es, sie
wohnt
t
wir
wohnen
en
ihr
wohnt
t
sie, Sie
wohnen
en
Taalfarianten
De Dútske dialekten
Yn it Dútske taalgebiet kin men 2 grutte dialektgroepen ûnderskiede. Ta it Nederdútsk wurdt û.o. de folgjende dieldialekten rekkene: it Bremer Dútsk en it West- en East-Faalsk, it Neder-Frankysk, it Neder-Pruisysk en it Noard- en East-Frysk. Oan de oare kant is der it Heechdútsk, dat út it Middeldútsk (mei û.o. it Moezelfrankysk, it Reinfrankysk, it Hessysk, it Thüringysk en it Oberdeutsch (mei û.o. it Alemannisch, it Beiersk en it Súd- en East-Frankysk) bestiet. It grutte ferskil tusken dizze twa grutte dialektgebieten is de al dan net trochfierde twadde of Heechdútske klankferskowing. Sa sil men yn it Nederdútske dialekt earder 'pund, 'water' en 'ik' sizze, wylst Heechdútske dialektsprekkers earder 'pfund', 'wasser' en 'ich' sizze sille.
Farianten fan it Standertdútsk
Binnen de Dútske standerttaal binne ferskate farianten. Sa is der it Dútske Standertdútsk, it Eastenrykske Standertdútsk en it Switserske Standertdútsk.
Yn Dútslân, Eastenryk, Súd-Tirol en it Dútsktalige diel fan Belgje slút it Standertdútsk oer it generaal goed oan by de deistige taalpraktyk fan de sprekkers. Yn Switserlân wurdt de standerttaal benammen as skrifttaal brûkt, de Switserske dialekten binne as sprutsen taal (ûnder oaren yn 'e media) de noarm. Yn Lúksemboarch is der neist de Dútske skrifttaal ek in standardisearre Lúksemboarchsk, dat sûnt 1984 as offisjele taal yn Lúksemboarch erkend is.
Yn it noarden fan Dútslân binne de Nederdútske dialekten foar in relatyf lyts diel fan de befolking de deistige omgongstaal. Der is gjin standerttaal dy't de Nederdútske dialekten mei-inoar ferbynt.
Artikel 1: Alle Menschen sind frei und gleich an Würde und Rechten geboren.
Sie sind mit Vernunft und Gewissen begabt und sollen einander im Geist der Brüderlichkeit begegnen.
”
„Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.“
↑Duden. Die deutsche Rechtschreibung (s. 71). 21e edysje (1996)
↑Duden. Die deutsche Rechtschreibung (s. 116). 25e edysje (2009)
↑Ulrich Ammon, Hans Bickel, Jakob Ebner, et al.: Variantenwörterbuch des Deutschen. Die Standardsprache in Österreich, der Schweiz und Deutschland sowie in Liechtenstein, Luxemburg, Ostbelgien und Südtirol. Walter de Gruyter, Berlyn 2004.