Luther waard berne út in famylje fan mynwurkers dy't harren opwurke hienen. Hy brocht syn jeugd gruttendiels troch yn Mansfeld en krige les op Latynske skoallen.
Op 17-jierrige leeftiid gong er nei de universiteit fan Erfurt om jurist te wurden, mar al gau soed er nei it Augustinekleaster gean om muonts te wurden (1505).
Hy waard ta pryster wijd en yn 1508 ta heechlearaar yn de moraalteology oan de universiteit fan Wittenberg. Op 31 oktober 1517 makke er yn Wittenberg syn 95 stellings tsjin de hannel yn ôflaten troch de Roomsk-Katolike Tsjerke bekend. Dat wie it begjin fan de Reformaasje, dy't late ta de ûntwikkeling fan it Protestantisme. It populêre byld is dat er syn stellings tsjin de doar fan de tsjerke spikere, mar feitlik is hjir gjin ûnbestriden bewiis foar.
Luther waard troch syn lear yn 1521 yn de ban dien troch de Roomske tsjerke.
Luther syn wetten
Luther formulearre in stikmannich wetten foar de tsjerke: