Yn 1255 late in oerienkomst tusken de Ingelske en Skotske keningen te Kelso derta dat de partij fan Menteith de striid om 'e macht ferlear fan 'e partij fan Durward. Mar hoewol't se út 'e geunst rekke wiene, beholden Menteith-en-dy harren ynfloed yn Skotlân, en twa jier letter wisten se troch Aleksander sels yn gizeling te nimmen, ôf te twingen dat der in regintskip ynsteld wurde soe mei leden fan sawol harren eigen partij as fan Durward sines.
Oarloch mei Noarwegen
Doe't er yn 1262 mei 21 jier mearderjierrich waard en sels it regear oer syn keninkryk opnaam, kundige Aleksander III oan dat er de Skotske oanspraken op 'e Hebriden krêft by sette woe. Dy eilannen ferkearden doedestiden nammentlik yn Noarske hannen, en de dea fan syn heit Aleksander II hie trettjin jier tefoaren in ein makke oan in earder Skotsk besykjen om 'e eilannegroep oan Noarwegen te ûntskuorren. Aleksander III makke de saak wer aktueel troch syn oanspraak op 'e Hebriden oan 'e Noarske kening Haakon IV foar te lizzen, mar dy woe dêr neat fan witte. Dy ôfstegering late ta it begjin fan 'e Skotsk-Noarske Oarloch.
Yn 1263 reägearre Haakon IV op 'e oanhâldende Skotske militêre aksjes op 'e Hebriden troch mei in grutte float oer te kommen út Noarwegen. Hy sylde om 'e Skotske westkust hinne en hold by it eilân Arran stil, wêrnei't er besocht en los de saak mei ûnderhannelings op. Aleksander gie dêryn mei en hold de Noaren op slûchslimme wize oan it lyntsje oant de hjerststoarmen oer de Britske Eilannen raasden. Uteinlik hie Haakon IV syn nocht en besleat er oan te fallen, mar ûnderweis nei de Skotske kust kaam in swiere stoarm him oer it mad, dy't in grut diel fan syn float slim skansearre. Ut 'e dêropfolgjende Slach by Largs, dy't yn oktober1263 útfochten waard, kaam net ien fan beide siden as dúdlike oerwinner nei foarren, mar fanwegen harren lange befoarriedingslinen wie de posysje fan 'e Noaren hopeleas, en koart neitiid gie Haakon IV ferbjustere op hûs oan, wêrby't er lykwols op 15 desimber ûnderweis kaam te ferstjerren op 'e Orkney-eilannen. De Slach by Largs markearre de lêste grutskalige bemuoienis fan 'e Noaren mei de Britske Eilannen.
De Hebriden wiene no foar de Noaren ûnferdigenber wurden, en yn 1266 sleat kening Magnus VI fan Noarwegen mei Aleksander III it Ferdrach fan Perth, dat it ein makke oan 'e Skotsk-Noarske Oarloch, en wêrby't Noarwegen net inkeld de Hebriden, mar ek it eilân Man, yn 'e Ierske See, oan Skotlân ôfstie. Yn ruil dêrfoar betelle Skotlân de Noaren in flink bedrach oan jild en erkende it de Noarske soevereiniteit oer de Orkney- en Sjetlâneilannen, dy't noch oant 1468 yn Noarske hannen bliuwe soene. Yn 1284 ferhefte Aleksander it haad fan 'e Clan Donald, Angus Mhor, ta hear fan de Eilannen. De folgjende twa iuwen soene de MacDonalds dêr hearskje as wiene se sels kenings, wêrby't se gauris yn botsing kamen mei de Skotske Kroan.
Neffens de (net objektive, Ingelske) Kronyk fan Lanercost wie Aleksander in punthûn, dy't bûten syn houlik om en nei it ferstjerren fan syn frou allegeduerigen mei mêtresses omsloech. Guon dêrfan soene nonnen west hawwe, dy't er yn momkape yn it kleaster besocht. It is net dúdlik hoefolle oft dêrfan wier is. Doe't tusken 1282 en 1285 alle trije bern fan Aleksander koart nei-inoar kamen te ferstjerren, ûntstie der yn Skotlân in opfolgingskrisis. Yn 1284 beprate Aleksander de Steaten fan Skotlân om syn pakesizzerMargareta (de dochter fan syn dochter Margareta), in poppe dy't 'de Faam fan Noarwegen' neamd waard, as syn erfgenamte te erkennen. Op 1 novimber1285 wertroude er boppedat sels mei de folle jongere Jolanda fan Dreux, mei as iennichste doel om mear neikommelingen oan te setten.
Dea
Safier soe it lykwols nea komme. Op 18 maart1286, wylst er ûnderweis wie om syn twadde frou te besykjen yn Kinghorn, yn 'e krite Fife, om't it de oare deis har jierdei wie, kaam Aleksander III om by in fal fan syn hynder. Hy wie te neare nacht en by min waar syn selskipslju kwytrekke, en waard de oare moarns op it strân weromfûn mei in brutsen nekke. Men giet derfan út dat syn hynder yn it tsjuster stroffele is. Guon boarnen wolle hawwe dat er fan in klif riden is, en hoewol't der op it plak fan it ûngemak gjin echt klif is, is der wol in hege en steile ierdwâl, dy't yn it tsjuster grif in fataal ferstappen fan it hynder feroarsaakje kinnen hat. Aleksander wie by syn dea 44 jier. Hy waard begroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline.
Opfolgingskrisis
Mei't Aleksander III by syn dea gjin manlike neikommelingen hie en boppedat hielendal gjin folwoeksen neikommelingen, ûntstie der yn Skotlân in slimme bestjoerskrisis. De jonge keninginne Jolanda wie swier, mar krige wierskynlik in miskream. Dêrop waard Aleksander syn pakesizzer Margareta keninginne, mar doe't dy yn 1290 út Noarwegen oerfearn waard nei Skotlân, kaam hja ûnderweis op 'e Orkney-eilannen mei sân jier te ferstjerren.
Neitiid bleau de Skotske troan foarearst leech, wylst it lân regearre waard troch saneamde beskermhearen en ferskate eallju har oanspraken foarleine oan kening Edwert I fan Ingelân, dy't frege wie om as skiedsrjochter te fungearjen by in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Edwert seach yn it machtsfakuum by syn noarderbuorlju lykwols in útlêzen kâns om syn eigen macht te fergrutsjen. Hy wiisde Jan fan Balliol oan as kening, mar die doe alles om 'e macht fan dyselde te ûndermynjen. Doe't de Skotten úteinlik har nocht hiene en mei Frankryk in anty-Ingelsk ferbûn sleaten, de Auld Alliance, foel Edwert yn 1296 Skotlân binnen mei in grut Ingelsk leger. Dat wie it begjin fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't duorje soe oant 1328, en dy't yn 1306Robert de Bruce op 'e Skotske troan bringe soe.