It hjoeddeiske aartsbisdom ûntstie yn 'e tiid fan 'e Weimarrepublyk op 13 augustus 1930 as bisdom. It protestantskePrusen woe earder gjin biskop yn harren haadstêd en de katoliken fan it gebiet foelen doe noch ûnder it bisdom Breslau. Ut gebieten fan 'e histoaryske bisdommen Havelberch, Brandenburch, Kammin en Lebus waard it nije bisdom Berlyn gearstald. De earste biskop fan it bisdom waard Christian Schreiber, earder de biskop fan Meißen.
It eastlike diel fan it bisdom kaam nei 1945 troch de grinsferkowing yn Poalen te lizzen. Earst op 27 juny 1972 paste Paulus VI mei de apostoalyske konstitúsje Episcoporum Poloniae coetus de grinzen oan 'e aktuele sitewaasje oan. It diel fan it bisdom dat eastlik fan 'e Oder-Neissegrins yn Poalen leit waard ôfsplitst. Sûnt wie it bisdom Berlyn gjin ûnderdiel mear fan it aartsbisdom Breslau.