It bisdom waard yn 793 stifte troch de Fries Liudger. It besit yn Nederlân besloech likernôch it gebiet dêr’t Liudger sels preke hie, dat rûchwei oerienkaam mei de gemeente Achtkarspelen en de Ommelannen.
De katedraal fan it bisdom is de Sint-Paulusdom yn Múnster. It is de tredde katedraal op itselde plak. Yn 1225 waard de earste stien lein foar de dom, dy't yn 1264 ynwijd waard. De domtsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch bombardeminten op de stêd foar in grut part ferneatige. It eardere haadportaal lei hielendal yn pún en waard yn moderne foarmen wer opboud. Yn 1956 waard de katedraal op 'e nij ynwijd.