Fryslân waard regearre troch lokale lieders oant yn 'e 15e iuw. Yn 1438 waard de steat Jever stifte, dy't in grutte ynfloed hie op Fryslân en East-Fryslân. De lêste persoan dy hearsker fan Fryslân wie, wie Maria fan Jever, oant 1575.
It hjoeddeiske distrikt Fryslân, dat yn 1939 oprjochte waard, is nei it suden grutter as it histoaryske gebiet.
Geografy
It distrikt Fryslân leit yn it easten fan 'e histoaryske regio East-Fryslân. Skiedkeundich kin it distrikt ta it histoaryske Fryske gebiet rekkene wurde, mar steatkundich hat it mar koart part west fan it greefskip East-Fryslân.
It meast foarkommende lânskip binne de sompen, ek fean hat it lânskip hjir bepaald.
Wapen
De liuw komt fan it wapen fan Jever; it wie in symboal fan 'e hearlikheid Jever, dy't bestie fan 1438 oant 1575. De haadkleur fan it wapen is azuerblau. Op it wapen is in liuw ôfbylde en twa Aldgrykske krusen