De lânkring grinzget mei de klok mei, begjinnend yn it noarden, oan de lânkring Helmstedt (yn Nedersaksen), oan de lânkring Harz (yn Saksen-Anhalt) en oan de lânkring Goslar en de kringfrije stêden Salzgitter en Braunschweig (allegear ek yn Nedersaksen).
De net by de lânkringen hearrende stêd Salzgitter sneit de lânkring Wolfenbüttel midstwa. Eastlik fan Salzgitter leit it gruttere diel mei de haadstêd Wolfenbüttel. It folle lytsere westlike diel oan de oare kant fan Salzgitter bestiet mar út ien Samtgemeinde: Baddeckenstedt. De Samtgemeinde Baddeckenstedt dielt de eastlike grins mei Salzgitter en grinzget dêrnjonken noch oan de lânkringen Goslar en Hildesheim.
Yn it westlike part fan de lânkring lizze de middelberchtmes Hain en Salzgitter. It lânskip fan it eastlike part wurdt foarme troch it middelberchtme de Elm, dêr foarmet de Eilumer Horn it heechste punt 323 meter boppe seenivo is. Nei it suden ta begjinne de útrinner fan it Harzberchtme.