Ynfraread of ynfrareade strieling (ynternasjonaal ôfkoarte ta IR, fan infrared of infrared radiation) ferwiist nei in diel fan it elektromagnetysk spektrum mei in weachlingte dy't fariëarret fan 0,7–1.000 µm (of 700–1.000.000 nm, of 0,0007–1 mm). Dy weachlingte is langer as dy fan sichtber ljocht, mar koarter as dy fan mikrostrielen (dy't bgl. brûkt wurde yn 'e magnetron). Ynfraread grinzget sadwaande oan 'e kleurread, de 'boppeste' útein fan it foar minsken sichtbere ljochtspektrum, krekt sa ultrafiolet grinzget oan 'e 'ûnderste' útein. Ynfrareade strieling waard yn 1800 ûntdutsen troch de IngelskenatuerkundigesirWilliam Herschel, dy't by ûndersyk it bestean fan in foarm fan ûnsichtbere elektromagnetyske strieling fêststelde troch de effekten dy't dy strieling hie op in termometer. De ûntdutsen strieling wie leger yn enerzjygehalte as readljocht en waard lange tiid 'hjittestrieling' neamd, oant tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de term 'ynfraread' yn gebrûk kaam. De measte waarmtestrieling dy't ôfjûn wurdt troch organismen en foarwerpen dy't om ende by keamertemperatuer binne, bestiet út ynfrareade strieling. Fierders berikt justjes mear as de helte fan alle troch de sinne útstjitten enerzjy de Ierde yn 'e foarm fan ynfrareade strieling. Dat ynfraread yn it sinneljocht is fan krúsjaal belang foar it klimaat op 'e Ierde.
Ynfrareade strieling, dat wol ôfkoarte wurdt as IR (fan infrared radiation) rint yn weachlingte fan 0,75 oant 1000 µm. It kin opdield wurde yn ferskillende types, lykas werjûn yn 'e tabel hjirûnder.
Ynfraread ljocht is ûnsichtber foar it minsklikeach, hoewol't ynfraread op in weachlingte oant 1.050 nm (1,05 µm) fan spesjale pulsearjende lasers ûnder beskate omstannichheden wol troch minsken waarnommen wurde kin. Dat minsken ynfraread (en ultrafiolet) net sjen kinne, betsjut net needsaaklikerwize dat it oare libbensfoarmen ek oan dat fermogen ûntbrekt. Oarsom sjogge net alle libbensfoarmen alle ljocht dat foar minsken sichtber is, mei as gefolch dat dingen foar in soad bisten oare kleuren hawwe as foar minsken. Swellesturtflinters (Papilio) hawwe seis ferskillende soarten ljochtreseptoaren; biologen achtsje it dêrom mooglik (hoewol foarearst noch net bewiisd) dat se pentagromatysk (fiifkleurich) gesichtsfermogen hawwe, dus ynkl. blau, grien en readljocht (dat minsken ek sjogge), mar mei dêropta ek ultrafiolet en ynfraread.