William (Bill) Roberts (Salford, 5 april 1912 - Timperley, 5 desimber 2001) wie in Ingelske atleet.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1936 en 1948). Hy waard ien kear Olympysk kampioen, yn 1936 op de 4x400 meter estafette mei Frederick Wolff, Godfrey Rampling en Godfrey Brown yn 3.09,0.
Nei de Twadde Wrâldkriich en syn tsjinst by de RAF sette Roberts syn sportkarriêre wer troch. Hy helle sulver by de Europeeske kampioenskippen atletyk fan 1946. Tolve jier nei de Spullen fan 1936 ferdigene Roberts syn Olympyske titel, mei syn ploechgenoaten strâne Roberts yn de searjes.
William Roberts ferstoar op 5 desimber 2001, yn 'e âldens fan 89 jier.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|