Technicolor is de beneaming foar in rige prosedees foar it ynkleurjen fan kleurefilms, dy't ûntwikkele waarden yn de Feriene Steaten. It earste prosedee waard yn 1916 ûntwikkele en kleure swart-wytfilms troch it gebrûk fan additive kleurminging yn by de fertoaning yn 'e bioskoop. Dat waard dien troch it ljocht fan 'e projektor earst troch twa prisma's tagelyk te stjoeren, ien mei in grien filter en ien mei in read filter. Dat wie gjin grut súkses, en yn 1922 waard úteinset mei it twadde prosedee, dat films ynkleure troch it gebrûk fan subtraktive kleurminging by de opnamen. Neitiid waard dat systeem troch de desennia hinne noch ferskate kearen ferbettere.