Op 19 novimber2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tsjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.
In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy wûn trije ôfstânen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles. Mei twa nije wrâldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de bêste te wêzen. Hy wûn de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Dêrmei waard Kramer Wrâldkampioen Oer-alles.