It Shedd Aquarium wie in geskink oan 'e stêdChicago fan John G. Shedd, in magnaat út 'e detailhannel. Hoewol't Shedd langernôch libbe om 'e earste sketsen fan 'e arsjitekt te besjen, wie it syn widdo Mary R. Shedd, dy't yn syn namme de iepening ferrjochte. De bou fan it akwarium sette op 2 novimber1927 útein en koste $3 miljoen, de oarspronklike 132 útstallingstanks ynbegrepen. It gebou waard oplevere op 19 desimber1929, wêrnei't noch de ynrjochting folge, sadat de offisjele iepeningsseremoanje pas op 30 maaie1930 holden waard.
Doedestiden wie it Shedd Aquarium it earste publike akwarium dat tûzenen km fan 'e see ôf lei en dochs in permaninte kolleksje seefisken hie. Dêrfoar wie men oant 1959 ôfhinklik fan in spesjaal yn opdracht fan it akwarium boud type tankwagon, de Nautilus, om fisken en seewetter te ferfieren. Yn 1930 waarden troch tweintich Nautilus-wagons acht reizen fan Key West, yn 'e Florida Keys, en Chicago makke, wêrby't 3,8 miljoen liter seewetter nei it akwarium oerbrocht waard. Doe't yn 1933 yn Chicago foar de twadde kear de wrâldtentoanstelling holden waard, krige it Shedd Aquarium, dat fuort benoarden it tentoanstellingsterrein lei, grutte bekendheid by in ynternasjonaal publyk.
Yn 1991 iepene it Shedd Aquarium in reuseftich nij ûnderdiel, it saneamde Oceanarium, dat sûnt 2010 offisjeel it Abbott Oceanarium hjit. Dêryn wurde ferskate soarten seesûchdieren en teffens pinguïns holden. Yn 2003 waard it ûnderdiel Wild Reef tafoege. It Shedd Akwarium wûn de priis foar de bêste útstalling fan 'e Association of Zoos and Aquariums (AZA) yn 1999 foar Seahorse Symphony, yn 2001 foar Amazon Rising en yn 2004 foar Wild Reef.
It Shedd Aquarium waard yn 1987 opnommen yn it Amerikaanske National Register of Historic Places (NRHP). Datselde jiers krige it ek de status fan National Historic Landmark (NHL). It Oceanarium, de grutste lettere oanbou, dy't datearret út 1991, hat in modernere styl dy't it Amerikaanske Noardwesten fertsjintwurdiget, mar dochs naadleas oanslút by it âldere diel fan it gebou. Whale Harbor, de grutste tank fan it Oceanarium, mei 7,6 miljoen liter seewetter, hat oan 'e efterkant ruten mei oan 'e bûtenkant de iepen wetters fan 'e Michiganmar.
It ûnderdiel Caribbean Reef waard yn 1971 op 'e earste ferdjipping tafoege, en kaam yn it plak fan 'e alderearste útstalling fan it Shedd Aquarium, Tropical Pool. Yn dit ûnderdiel is in libben koraalrif út 'e Karibyske See te sjen. In gimmick dy't by Caribbean Reef tapast wurdt, is in dûker dy't ynteraksje mei de bisten sjen lit wylst er praat tsjin 'e besikers. De grutste tank fan dit ûnderdiel, dê't 340.000 liter wetter yn sit, is rûn, sadat it publyk der hielendal omhinne rinne kin om alles sekuer te besjen. Dat wie ien fan 'e earste habitats dy't it hâlden en dragen fan fisken yn in iezing (Nederlânsk: school) sjen liet. De meast opfallende bisten binne tarpons, pylroggen, kaphammerhaaien en de rêden sopskylpod Nickel.
Stingray Touch
Stingray Touch is ien fan 'e nijste ûnderdielen fan it Shedd Aquarium, dêr't besiker kowesnútroggen en giele pylroggen oanreitsje kinne wylst se troch in bûtendoartank fan 76.000 liter op it Súdterras fan it akwarium swimme. Om foar de hân lizzende redens is dit ûnderdiel inkeld iepen fan maaie oant oktober.
It Oceanarium waard yn 1991 yn it Shedd Aquarium iepene. Fan 2010 ôf hjit it offisjeel it Abbott Oceanarium. It omfiemet ferskate tanks mei yn totaal 11 miljoen liter wetter. De grutste tank draacht de namme Whale Harbor, en befettet 7,6 miljoen liter wetter. Dêryn libje ferskate soarten seesûchdieren: wytstreekdolfinen, wite dolfinen (of belûga's) en Kalifornyske seeliuwen. It Oceanarium hat twa ferdjippings; de boppeste ferdjipping lit de Whale Harbor fan boppe wetter sjen, wylst men op 'e ûnderste ferdjipping de bewenners fan 'e grutte tank ûnder wetter omswimmen sjen kin. See-otters hawwe harren eigen tank op 'e ûnderferdjipping. Dêrnjonken heart ek de saneamde Polar Play Zone ta it Oceanarium, in ynteraktyf boartersgebiet foar bern, mei magelhaenpinguïns en noardlike rotspinguïns.
Yn 2009, doe't it Oceanarium renovearre waard, wiene de bewenjende bisten tydlik oerbrocht nei oare dieretunen. Doe waard ek it saneamde 4D Theater tafoege, dêr't 3D-filmfertoanings holden wurde, oanfolle mei in 'ekstra' diminsje lykas geur. Films dy't dêr te sjen west hawwe, binne û.m. Coastal Predators, Sea Monsters, The SpongeBob SquarePants Movie, Planet Earth, Ice Age en Dora the Explorer.
One World
One World is in akwatyske presintaasje dy't yn 2013 foar it earst holden waard, hoewol't de show sterk stipet op it earder Fantasea, dat fan 2009 oant 2010 bestie. By One World wurde wite dolfinen, wytstreekdolfinen, seeliuwen, pinguïns, in hauk en sels hûnen belutsen. Yn novimber en desimber wurdt soms in spesjale krystferzje optuge.
Tydlike útstallings
Fan 2011 oant 2015 wie yn it Shedd Aquarium de útstalling Jellies te sjen, dy't ta doel hie om kwabben sjen te litten en de misferstannen omtrint dy bisten út 'e wrâld te helpen. Fan 2015 oant 2018 waard yn it Shedd Aquarium de útstalling Amphibians holden, oer amfibyen. Der wiene 40 ferskillende soarten te bewûnderjen, wêrûnder ien fan 'e grutste libbene amfibyen, de seldsume Japanske reuzesalamander. Fan 2018 ôf is as tydlike útstalling Underwater Beauty te sjen, mei hûndert ferskillende soarten fisken dy't útkeazen binne om't se der moai útsjogge.