Robert A. Heinlein (folút: Robert Anson Heinlein; Butler (Missoury), 7 july1907 – Carmel (Kalifornje), 8 maaie1988) wie in Amerikaanskskriuwer fan 32 science fiction-romans en 59 novelles en koarte ferhalen fan dat sjenre. Fierders wied er ek essayist en senarioskriuwer. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste en kontroversjeelste science fiction-skriuwers út syn tiid, en makke ûnder syn karriêre gebrûk fan ferskate pseudonimen, lykas Anson MacDonald, Lyle Monroe, John Riverside, Caleb Saunders en Simon York. Heinlein ûnderboude syn ferhalen mei in wittenskiplike en technologyske oannimlikens dy't sûnt de standert wurden is fan (kwalitatyf goede) science fiction, en holp dêrmei om it sjenre ta echte literatuer te ferheffen. Tema's dy't yn syn wurk almar wer weromkomme binne it belang fan yndividuële frijheid en selsfoarsjendheid. As ien fan 'e bêst ferkeapjende science fiction-auteurs fan syn tiid wûn Heinlein fjouwer Hugo Awards, de meast prestizjeuze priis foar science fiction-literatuer, wylst er fyftich jier nei de publikaasje fan trije fan syn wurken noch trije saneamde Retro Hugo's takend krige (dy't mei weromwurkjende krêft útrikt waarden foar jierren dat der gjin Hugo Awards bestiene).
Libben
Heinlein waard berne as de soan fan 'e boekhâlder Rex Ivar Heinlein en dy syn frou Bam Lyle, yn it plakje Butler, yn 'e steatMissoury, mar groeide op yn 'e grutte stêd Kansas City, yn Missoury, yn in fermidden dat kwa opfettings sterk ûnder ynfloed stie fan 'e Amerikaanske Bibelgurdle. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, gied er nei de Amerikaanske Marine-akademy, te Annapolis, yn 'e steat Marylân, dêr't er yn 1929 ôfstudearre mei in graad yn technyske wittenskippen. Datselde jiers troude er yn Los Angeles mei Elinor Curry, dy't ek ôfkomstich wie út Kansas City, mar it houlik duorre mar in jier, en einige yn in skieding. Heinlein tsjinne fan 1931 ôf op ferskillende marineskippen, mar waard yn 1934 earfol ûntslein om't er tuberkuloaze oprûn hie. Underwilens wied er yn 1932 op 'e nij troud, diskear mei Leslyn MacDonald (1904-1981), dy't der krekt as hysels "radikale" (yn 'e Amerikaanske kontekst wol dat sizze: "linkse") politike ideeën op nei hold.
Doe't er nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer fierhinne opbettere wie, ûnderhold Heinlein himsels mei alderhanne wurk, wêrûnder makkelderij en sulvermynbou, wylst er ek polityk aktyf wie foar de Demokratyske Partij yn Kalifornje. Nei't er him yn 1938 om 'e nocht sels kandidaat steld hie foar it steatsparlemint, begûn er science fiction-ferhalen te skriuwen om syn skulden ôf te beteljen. It earste ferhaal dêr't er jild mei fertsjinne, Life-Line, waard yn augustus 1939 publisearre yn it tydskrift Astounding Science-Fiction. Hoewol't er ûnder de Twadde Wrâldoarloch weromkearde by de Amerikaanske marine, as aeronautysk yngenieur (op 'e marinewerf yn Philadelphia), hied er ûntdutsen dat er talint foar en aardichheid oan skriuwen hie, en sette er syn karriêre as auteur fuort. Dêrnjonken fielde er him troch it atoombombardemint fan Hiroshima en Nagasaki en it begjin fan 'e Kâlde Oarloch oanfitere om non-fiksje te skriuwen oer politike ûnderwerpen. Mei it koarte ferhaal The Green Hills of Earth, dat er yn febrewaris 1947 as earste yn in rige fan fjouwer publisearre yn it blêd The Saturday Evening Post, briek Heinlein as earste Amerikaanske science fiction-skriuwer út it saneamde "pulp-getto" troch nei literatuer.
Heinlein wie ûnderwilens yn 1947 skieden fan Leslyn MacDonald, en op 21 oktober1948 stapte er foar de trêde kear yn it houliksboatsje, no mei Virginia "Ginny" Gerstenfeld, mei wa't er oan syn dea ta troud bliuwe soe. Se setten harren nei wenjen yn 'e steat Kolorado, mar yn 1965 krige Virginia medyske klachten dy't feroarsake waarden troch de hichte fan harren wenplak, yn 'e Rocky Mountains, dat doe ferfearen se nei Santa Cruz, yn Kalifornje, en letter nei it deunbye Bonny Doon, dêr't se eigenhandich in folslein rûn hûs bouden (ien fan Heinlein syn hobbys wie mitseljen). Virginia hie in grutte ynfloed op Heinlein; hja wie de earste dy't syn manuskripten lies en tsjinne as model foar withoefolle fan 'e yntelliginte, fûleindich selsstannige en gauris readhierrige froulike personaazjes yn syn boeken. Boppedat miende Heinlein syn freon en kollega-science fiction-skriuwer Isaac Asimov dat Heinlein yn polityk opsjoch in skuor nei rjochts makke nei't er mei har troud wie. Heinlein syn Tramp Royale befettet twa wiidweidige apologyen foar de heksejacht op Amerikaanske kommunisten en sosjalisten troch senator Joseph McCarthy, en yn 1964 setten Heinlein en de frou harren aktyf yn foar de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat Barry Goldwater.
Yn 1950 wûn de film Destination Moon, dêr't Heinlein it senario foar skreaun hie, in Oskar foar special effects. Fierders sette er dat jiers útein mei it skriuwen fan in rige science fiction-romans foar tiners. Heinlein skromme net om ek yn dy boeken syn eigen, almar fierder nei rjochts opskowende politike ideeën te fentilearjen. Yn 1959 waard syn (letter troch Paul Verhoeven loskes ferfilme) Starship Troopers troch syn wenstige útjouwerijCharles Scribner's Sons ôfwiisd fanwegen de kontroversjele polemyk. Dêrop socht en fûn Heinlein in oare útjouwer en hold er op mei jeugdliteratuer te skriuwen. Syn wurk fan nei dy tiid omfettet guon fan syn bêste romans, lykas Stranger in a Strange Land (1961) en The Moon Is a Harsh Mistress (1966).
Fan 1970 ôf kampte Heinlein mei sûnensproblemen, te begjinnen mei in libbensbedriigjende oanfal fan búkfluesûntstekking, dêr't er mear as twa jier fan oan it opbetterjen wie. Sadree't er him goed genôch fielde om te skriuwen, sette er útein mei Time Enough for Love (1973), dêr't er in soad fan 'e tema's út syn lettere wurk yn yntrodusearre. Wylst er mei de frou op fakânsje wie op Tahity, krige Heinlein in TIA. De moannen dêrnei begûn er him almar wurger te fielen. It probleem waard op 't lêst identifisearre as in blokearre halsslachier, en hy ûndergie ien fan 'e earste bypass-operaasjes oan 'e halsslachier dy't ea útfierd wiene. Nei de operaasje begûn er him wer fit te fielen, en hy skreau noch fiif romans foar't er op 8 maaie1988 yn 'e âlderdom fan tachtich jier yn syn sliep ferstoar oan longemfyseem en hertfalen, feroarsake troch syn ferslaving oan smoken.
Wurk
Science fiction
romans
Beyond This Horizon, 1948 (earst as fúljeton yn 1942, ûnder it pseudonym Anson MacDonald)
Sixth Column, 1949 (alt. titel: The Day After Tomorrow; earst as fúljeton yn 1942, ûnder it pseudonym Anson MacDonald)
The Puppet Masters, 1951 (postúm werútjûn yn 1990 mei fuortsniene stikken wer teplak set)
Double Star, 1956 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
The Door into Summer, 1957
Methuselah's Children, 1958 (oarspronklik in as fúljeton ferskynde novelle, út 1941)
Stranger in a Strange Land, 1961 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman; werútjûn yn langere, oarspronklike foarm yn 1991)
Orphans of the Sky, 1963 (roman opboud út de novelles Universe en Common Sense, beide út 1941)
Glory Road, 1963 (nominearre foar in Hugo Award foar bêste roman)
Farnham's Freehold, 1965
The Moon Is a Harsh Mistress, 1966 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
For Us, The Living: A Comedy of Customs, 2003 (skreaun yn 1939, postúm publisearre)
Variable Star, 2006 (roman fan Spider Robinson op grûn fan in plotbeskriuwing fan 8 siden troch Heinlein, út 1955)
jeugdromans
Rocket Ship Galileo, 1947
Space Cadet, 1948
Red Planet, 1949
Between Planets, 1951
The Rolling Stones, 1952 (alt. titel: Space Family Stone)
Farmer in the Sky, 1953 (earst yn in beheinde ferzje as fúljeton yn 1950, ûnder de titel "Satellite Scout"; bekroand mei in Retro Hugo foar bêste roman)
Starman Jones, 1953
The Star Beast, 1954
Tunnel in the Sky, 1955
Time for the Stars, 1956
Citizen of the Galaxy, 1957
Have Space Suit—Will Travel, 1958 (nominearre foar in Hugo Award foar bêste roman)
Starship Troopers, 1959 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
Spinoff, in artikel oer de kommersjalisaasje fan útfinings dy't dien binne foar en troch de NASA en it Amerikaanske romtefeartprogramma, publisearre yn it tydskrift Omni, yn 1980
Grumbles from the Grave, 1989 (postúm, semy-autobiografysk)
Take Back Your Government: A Practical Handbook for the Private Citizen, 1992 (oarspronklike titel: How To Be A Politician)