Yn 1961 rjochte de doetiids fjirtjin jierrige bassist tegearre mei syn trettjin jierrige buorjonge en gitarist George Kooymans de band The Golden Earrings op, neamd nei in nûmer fan de band The Hunters. Yn 1969 waard de namme feroare yn Golden Earring. Mei de Golden Earring brocht Gerritsen 25 studio-albums en tsien live-albums út en behelle er fiif nûmer 1-hits.
Yn 1977 waard by de Amerikaanske toernee fan Golden Earring syn gitaar stellen, wêrnei 't syn heit in nije foar him makke. Dizze wite dûbeldnekke is in kombinaasje fan in 5-string en in 4-string basgitaar.
Yn 1979 kaam it earste solo-album fan Gerritsen út. en Yn 1985 iepene Gerritsen mei drummer Cesar Zuiderwijk in muzykwinkel yn De Haach.