Op syn alfde begjint er mei gitaarspyljen. Nei twa jier stapt er oer op drums. Cesar Zuiderwijk wie drummer by de Haagske bluesbandLivin' Blues doe't er yn 1970 frege waard om by de Golden Earring drummer Sieb Warner te ferfangen.
Yn 1985 iepene Zuiderwijk mei bassist Rinus Gerritsen in muzykwinkel yn De Haach. Yn datselde jier spilet Zuiderwijk tegearre mei jazzmuzikantJasper van 't Hof yn it ienmalige gearwurkingsferbân Labyrinth. Julya Lo'ko wurdt oanlutsen as sjongeres fan dit projekt. Zuiderwijk is ek aktyf as dosint. Hy sjocht yn septimber 1992 in dream útkommen as er mei tûzen drummers op in driuwend ponton op de Maas yn Rotterdam musisearret en Radar Love útfiert.
Mei de Golden Earring hat Zuiderwijk njoggentjin studio-albums útbrocht en mei livin' Blues ien album.
Priveelibben
Zuiderwijk is twa kear troud en hat út syn earste houlik twa bern. Nei de skieding troude er yn 2010 wer. Yn 1985 komt Cesar yn it nijs as de plysje nei in ynbraak yn syn hûs op souder in pistoal fynt. Zuiderwijk soe dit jierren earder nei in Amerikaanske toernee meismokkele hawwe yn syn drumstel. Hy wurdt feroardiele ta in moanne finzenisstraf.