Rimûsj kaam oan 'e macht yn 2279 f.Kr. (of oars yn 2284 f.Kr.), doe't syn heit Sargon stoar. Neffens de ynskripsjes dy't út dy tiid oerlevere binne, brieken der nei de dea fan Sargon rûnom opstannen út yn it Akkadyske Ryk, benammen yn Sûmearje. Dêr seagen ferskate ensi's (gûverneurs), lykas Meskigal fan Adab en Lûgalgalzû fan Zabala, harren kâns skoan om it Akkadyske jok ôf te smiten. Behalven Adab en Zabala moast Rimûsj ek de stêden Oer, Oemma, Lagasj, Der, Kazallû en (it fierders ûnbekende) 'Ki.An' weroverje, wat mank gie mei grutskalige slachtpartijen en it ta slaaf meitsjen fan grutte parten fan 'e boargerbefolking.
Neffens de sekuer byholden tellings soene dêrby oan 'e kant fan 'e opstannelingen yn totaal mear as 56.000 minsken by omkommen wêze, wylst nochris goed 29.000 minsken ta slaaf makke en 26.000 "ferballe en ferdylge" waarden. Yn totaal kaam dat del op mear as 111.000 minsken, wat in astronomysk heech oantal wie foar dy tiid.
Sûmearyske slachtoffers fan 'e fjildtochten fan Rimûsj
Itselde lot trof Sidaga’û, de legeroerste fan Parachsjûm en Sargapi, de legeroerste fan Zahara, by in fjildslach tusken de stêden Awan en Sûsa yn, oan 'e igge fan 'e "Middenrivier". Yn totaal deaden Rimûsj en syn leger 16.212 man fan 'e fijân en namen se 4.216 lju kriichsfinzen. Neitiid waard Elam regearre troch Akkadyske militêre gûverneurs.
Dea en opfolging
Yn 'e Bārûtu, in boarne út it earste milennium (dus fan mear as tûzen jier letter) wurdt sydlings fermelden dat Rimûsj fermoarde waard by in gearspanning fan leden fan syn eigen hôfhâlding. De folsleine tekst dêroer is: "Foarteken fan kening Rimûsj, dy't troch syn hôvelingen deade waard mei harren segels." Dat soe bard wêze yn 2270 f.Kr. Rimûsj waard opfolge troch syn broerManisjtûsjû.