Stêles waard oprjochte om in ferskaat fan redens. Grêfstêles waarden opsteld foar funerêre of kommemorative doelen. Keningen en oare hearskers rjochten gauris stêles op as tinkteken foar harren oerwinnings op it slachfjild of oare wichtige dieden. Yn it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk waarden stêles ek brûkt as paadwizer of grinsstien. Hjoeddeistige foarmen fan stêles, hoewol't dy no oer it algemien net mear sa neamd wurde, binne grêfstiennen en obelisken. In oar foarbyld fan modern gebrûk is dat op it slachfjild fan Waterloo in stikmannich stêles oprjochte binne om 'e lokaasje fan wichtige gefjochtsaksjes ûnder de Slach by Waterloo te markearjen.