Foarôfgeande oan 'e ûntsifering fan it spikerskrift yn 'e njoggentjinde iuw wie Akkad allinne mar bekend fan ien inkele ferwizing yn it bibelboekGenesis 10:10, dêr't it yn 'e oarspronklike tekst skreaun is as אַכַּד (’Akkad). De kontekst is dêr in list fan stêden fan Nimrod yn Sûmearje.
De etymology fan 'e namme is ûndúdlik, mar yn elts gefal net fan Akkadyske (d.w.s. Semityske) oarsprong. Saakkundigen hawwe datoangeande ferskate suggestjes dien, dy't foar Agadè in Sûmearysk, Hoerritysk of Lûllûbysk komôf sykje. De net-Akkadyske oarsprong fan it toponym suggerearret dat it plak al bewenne wie doe't de Akkaadjers harren der yn pre-sargoanyske tiden foar it earste nei wenjen setten. Op it bestean fan 'e stêd foarôfgeande oan it regear fan Sargon de Grutte wiist ek ien oerlevere pre-sargoanyske jiernamme. Oare histoaryske teksten lykje lykwols te suggerearjen dat Sargon de stêd sels stifte hawwe soe.
De lokaasje fan Akkad is ferlern gien, hoewol't bekend is dat de stêd yn noardlik Mesopotaamje lei. In protte iere foarstellen oangeande de lokaasje woene de stêd oan 'e igge fan 'e rivier de Eufraat hawwe, mar sûnt de 1990-er jierren bestiet der in wittenskiplikekonsensus dat in lokaasje oan 'e rivier de Tigris wierskynliker is. Op basis fan in oerlevere reisskema út 'e Aldbabyloanyske Tiid, dat fûn is yn 'e ruïnes fan Mari, soe Akkad oan 'e Tigris lizze moatte, justjes súdlik fan 'e moderne stêd Bagdad (dy't pas yn 'e Iere Midsiuwen stifte waard).
Sûnt de 1990-er jierren hat it debat oer de lokaasje fan Akkad him taspitst op plakken oan 'e eastigge fan 'e Tigris. Yn 1990 suggerearre Christophe Wall-Romana as de wierskynlikste lokaasje de krite om 'e gearfloeiïng hinne fan 'e rivier de Dijala mei de Trigris, en mear spesifyk Tell Muhammad, yn 'e súdeastlike foarstêden fan Bagdad. Hy joech ta dat dêr gjin oerbliuwsels fan 'e âlde stêd fûn binne, mar wiet dat oan 'e oerbouwing fan it plak mei moderne huzebou. Sallaberger en Westenholz suggerearren yn 1999 in lokaasje deunby de gearfloeiïng fan 'e rivier de Adaim mei de Tigris, eastlik fan Samarra, deunby Dûlûja. Julian Reade tocht yn 2002 ek oan in plak yn dy omkriten, mar by Kadisija, op basis fan 'e fragminten fan in Akkadysk stânbyld dy't dêr opdobbe wiene (no te sjen yn it Britsk Museum te Londen). Datselde plak wie yn 1923 om deselde reden ek al troch W.H. Lane foarsteld as de lokaasje fan Akkad.