It tinken is dat de reade lynks him likernôch 1,8 miljoen jier lyn ûntwikkele hat út in ûndersoarte fan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), dy't mooglik al 2,6 miljoen jier lyn fia de lânbrêge yn 'e Beringstrjitte yn Noard-Amearika arrivearre. De soarte berikte syn hjoeddeiske foarm likernôch 20.000 jier lyn. De nau besibbe Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) komt fuort út in twadde migraasjeweach út Jeraazje. It noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e reade lynks en it súdlike part fan it areaal fan 'e Kanadeeske lynks oerlaapje inoar. Yn dy krite komme soms natuerlike krusings foar; it bist dat út sa'n krusing fuortkomt, wurdt in blynks (fan it Ingelskeblynx) neamd, in gearlûking fan bobcat en lynx.
De reade lynks hat trochinoar in kop-romplingte fan 47½-125 sm, mei in sturtlingte fan 9-20 sm en in skouderhichte fan 50-60 sm. In folwoeksen mantsje weaget 6,4-18,3 kg; Wyfkes binne mei 4-15,3 kg in stik lichter. De grutste reade lynks dy't sekuer dokumintearre is, weage 22,2 kg, al binne der ûnbefêstige geroften oer eksimplaren fan wol 27 kg. De grutste reade lynksen hearre ta de gigas-ûndersoarte út Eastlik Kanada en it noarden fan Nij-Ingelân, wylst de lytsten (fan 'e ûndersoarte floridanus) te finen binne yn 'e súdlike Appalachen.
Reade lynksen binne spiersterke bisten mei efterpoaten dy't justjes langer binne as de foarpoaten. De sturt is koart en sjocht der hast wol út as is er kûpearre (Ingelsk: bobbed; dêrfandinne de namme bobcat). De kleur fan 'e pels rint nochal útinoar, fan oranjich (dêrfandinne de namme 'reade' lynks) oant griisbrún, mei swartige plakken op it liif en dûnkere streken oer de poaten. Dit bûnte patroan soarget foar kamûflaazje. De earen binne puntich, mei swarte úteinen en koarte swarte toefkes. De bealch, de hals, it kin en de binnenkant fan 'e poaten binne yn 'e regel ljochter fan kleur, brutsen wyt of krêmkleurich. Reade lynksen hawwe in skerp gehoar en in tigen gesichtsfermogen, mei dêropta in goede rooksin.
Oer it generaal binne reade lynksen lytser fan stal as Kanadeeske lynksen, mar de grutte fan 'e reade lynks is in stik fariabelder, mei as gefolch dat grutte reade lynksen grutter wêze kinne as Kanadeeske lynksen. It dúdlikst ferskille de beide soarten yn it oansjen fan 'e kop, mei't de kinkraach fan 'e Kanadeeske lynks folle grutter is, en de reade lynks boppedat amper toeften oan 'e earen hat.
De fêstiging fan in populaasje reade lynksen hinget dêrby mear ôf fan 'e beskikberheid fan proaidieren as fan 'e terreinsgesteldheid. De oanwêzigens fan in minsklikebefolking beheint de reade lynks likemin yn syn fersprieding; hy dûkt tsjintwurdich geregeldwei op yn tunen op it plattelân en oan 'e rânen fan grutstedske gebieten. Yn maart2010 waard der in reade lynks oantroffen (en letter fongen) yn in parkeargaraazje yn it sintrum fan Houston. De noardgrins fan it areaal fan 'e reade lynks hat te krijen mei de djipte fan 'e snie by 't winter, mei't dit bist, oars as de Kanadeeske lynks, net oer djippe snie kin.
Hâlden en dragen
De reade lynks is foar it meastepart aktyf fan trije oeren foarôfgeande oan sinne-ûndergong oant de midsnacht en dan nochris fan it lemieren oant trije oeren nei de moarnsdage. Eltse nacht leit er sa'n 3-11 km ôf oer in fêste rûte. Winterdeis is er mear oerdeis yn 't spier, om't syn proaidieren dat dan ek binne. Reade lynksen binne treflike klimmers en se kinne ek goed swimme, mar dogge dat inkeld as it echt moat, om't se krekt as húskatten net graach wiet binne. Se libje foar it meastepart in solitêr bestean en hawwe territoaria dy't yn grutte útinoar rinne kinne fan 52 ha oant 325 km², ôfhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en de beskikberheid fan proaien. De territoaria fan 'e wyfkes binne rûchwei heal sa grut as dy fan 'e mantsjes.
De peartiid falt by de reade lynks fan 'e ein fan 'e winter oant de iere maityd, ornaris yn febrewaris en maart. Yn dy perioade siket in dominant mantsje in wyfke op, dat er in skoft lang op 'e foet folget, sadat er ferskate kearen mei har pearje kin. It komt foar dat it wyfke letter noch mei ien of mear oare mantsjes pearet. De draachtiid duorret 60-70 dagen, wêrnei't it wyfke yn april of maaie in nêst fan 1-6, mar yn 'e regel 2-4 jongen smyt. Dêrfoar siket se ornaris in lyts omsletten plak út, lykas in grot of in holle beam. De jongen, dy't troch it wyfke grutbrocht wurde sûnder dat it mantsje dêrby belutsen is, wurde blyn berne, en de eachjes geane mei 9 of 10 dagen iepen. Mei fjouwer wiken begjinne se har om-en-by te ferkennen, en mei twa moannen wurde se ôfwûn. As se twa oant fiif moanne âld binne, begjinne se derop út te tsjen mei harren mem. Tsjin 'e hjerst kinne se foar harsels jeie, en yn 'e regel geane se koart dêrnei by de mem wei, hoewol't yn Michigan waarnommen is dat guon jongen oant de oare maityd by de mem bleaune.
Reade lynksen binne oan it begjin fan har twadde simmer geslachtryp, hoewol't wyfkes soms al yn har twadde maityd oan 'e fuortplanting dielnimme. Se libje oer it algemien 6-8 jier, hoewol't de âldste dokumintearre reade lynks yn it wyld 16 jier waard en reade lynksen yn finzenskip wol 32 jier wurde kinne. Folwoeksen reade lynksen hawwe net folle natuerlike fijannen as men de minske bûten beskôging lit. Se wurde soms deade troch poema's (Puma concolor), grize wolven (Canis lupus) en prêrjewolven (Canis latrans), mar dêrby liket it mear te gean om it útskeakeljen fan 'e konkurrinsje as om wiere predaasje. Der is teminsten ien gefal bekend fan in reade lynks dy't it opnaam tsjin in Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) om it besit fan in kadaver. Reade-lynksejongen wurde soms snipt troch de stienearn (Aquila chrysaetos). Oer it algemien hawwe reade lynksen lykwols folle mear te freezjen fan sykten, bejaging troch de minske en it ferkear.
Yn 'e mytology fan lânseigen Yndiaanskefolken wurdt de reade lynks gauris ferbûn mei de prêrjewolf yn in dualistyske relaasje. Dy beide bisten wurde assosjearre mei mist, resp. wyn, twa waarsferskynsels dy't yn 'e Yndiaanske kosmology tsjinstelden fertsjintwurdigje. Ek yn 'e folkloare fan 'e blanke kolonisten spilet de reade lynks in foaroansteande rol.
Undersoarten
Der binne 13 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e reade lynks. Dy yndieling leit bleat oan krityk, mei't de ûnderlinge ferskillen minym binne en der net folle dúdlike geografyske skiedslinen oanjûn wurde kinne. De ûndersoarten binne: