De otter is eins in skou bist, dat fral nachts aktyf is, al giet er it deiljocht net út 'e wei as er him feilich fielt. Krekt oarsom, want hy mei graach sinnebaaie. Hy hat in semy-akwatyske libbensstyl, wêrby't er mear yn as út it wetter tahâldt. By it dûken kin er oant 4 minuten lang ûnder wetter bliuwe ear't er wer boppekomme moat om te sykheljen. It territoarium fan in mantsjesotter is likernôch 15 km yn trochsneed en dat fan wyfkes sa'n 7 km. Nachts wurdt in grut part dêrfan besocht op streuptocht nei fretten. Jonge of ferballe bisten kinne tsientallen kilometers ôflizze op 'e siik nei in nij wengebiet.
Otters libje yn prinsipe solitêr, mar de jongen bliuwe in jier lang by de mem, en sawol mem as jongen hâlde en drage har dan gauris tige boartlik. Sa meitsje se by glysterige wâlen del of winterdeis as der snie leit faak in glydbaan, dêr't se har dan om bar by del glydzje litte, nei't it skynt poer foar harren eigen fermaak.
De otter hat almeast gjin fêste peartiid, al falt dy yn Skotlân en Noarwegen en op 'e Sjetlâneilannen yn 'e maityd. De wyfkes binne it hiele jier troch om 'e 6 wikentyldriftich. De draachtiid duorret likernôch 9 wiken, mar men hâldt it derop dat der in ferlinge draachtiid fan sa'n 9 moannen foarkomt as de pearing op in ûngeunstige tiid fan it jier plakfynt. De jongen wurde ek it hiele jier troch smiten, mar it faakst fan febrewaris oant en mei april. In ottersmeet bestiet ornaris út 2–3 jongen, al kin dat oantal ûnder ekstreme omstannichheden oprinne ta 6. Nei in jier binne de jongen selsstannich en nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Otters hawwe frijwol gjin natuerlike fijannen mear, mar it ferkear makket in protte slachtoffers. As se dêroan ûntsnappe, kinne se oant 18 jier âld wurde.
De otter is de lêste goed iuw, benammen yn Jeropa, sterk yn it neigean rekke troch drûchlizzing fan syn habitat en oarsoartige ferballing troch de minske, û.o. ek troch wetterfersmoarging. Dêrom hat er de IUCN-status fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er wrâldwiid net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat.
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.