De Organisaasje fan oalje-eksportearjende lannen (Ingelsk: Organization of the Petroleum Exporting Countries, OPEC) is in gearwurkingsferbân fan tolve lannen dy't netto oalje útfiere. OPEC foarmet feitlik in kartel, dat troch it feroarjen fan it oanbod fan oalje de priis dêrfan stjoere kin.
De Arabyske leden fan de OPEC kundigden yn 1973 maatregels oan tsjin it westen nei oanlieding an de Jom Kipoeroarloch. Hjirtroch ûntstie de oaljekrisis. Nei de revolúsje yn Iran fan 1979 gie de oaljepriis en dêrmei wie de twadde oaljekrisis in feit.
De OPEC telt 12 leden. Alle lannen dy't netto oalje-eksporteur binne en likense belangen hawwe as de hjoeddeiske OPEC-leden kinne lid wurde[1]. Om ta de OPEC ta te treden is de ynstimming fereaske fan trije fjirde fan alle sittende leden en fan alle fiif lannen dy't de OPEC yn 1960 oprjochte hawwe.
koördinaasje fan de belangen fan de oalje-eksportearjende lannen, benammen it fersekerjen fan in stabile boarne fan ynkomsten foar de oaljeprodusearjende lannen;
soarch drage foar genôch oalje tsjin in ekonomysk oantreklike priis foar de oaljekonsumearjende lannen;
it heljen fan in reedlik rendemint op de ynvestearrings dy't needsaaklik binne foar genôch oaljeoanbod.
Ut de skiednis fan de OPEC blykt dat it hanthavenjen fan stabile oaljeprizen, benammen troch it bepalen fan produksjekwoata, gjin maklike opjefte is. It fêststellen fan de júste hichte fan de oaljepriis is ek net ienfâldich. In te lege priis liedet ta te lege opbringsten foar de oalje-eksportearjende lannen, mar in te hege priis liedt ta de ûntwikkeling fan alternative enerzjyboarnen. Alternativen kinne nije oaljefjilden wêze lykas bygelyks yn it noarden fan Alaska of de Noardsee, dy't in hegere kostpriis hawwe en dêrtroch allinnich ekonomysk winbere reserves opleverje as de oaljepriis heech is, of folslein oare enerzjyboarnen as kearnenerzjy of wynenerzjy.
Yn septimber 2010 fierde de OPEC it 50 jierrich bestean fan de organisaasje.