De Alde Feanen foarmje in alsidich leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, sompen, reidlannen, healannen en moerasbosken. Yn it gebiet komme mear as 450 soarten planten en mear as hûndert fûgelsoarten foar.
It gebiet is sûnt 1934 yn behear by de stifting It Fryske Gea. Nei in oprjochtingsperioade fan fjouwer jier waard De Alde Feanen op 26 april2006 troch ministerVeerman fan Natuer offisjeel ynsteld as tweintichste en lêste nasjonaal park fan Nederlân.