Moerad wie op dat stuit 19 jier en siet noch op skoalle yn har bertedoarp Kâdjû, dêr't IS-striders 600 fan 'e ynwenners ombrochten, ûnder wa seis fan Moerad har bruorren en styfbruorren. Moerad sels waard finzen nommen en ûntfierd, krekt as in protte oare jonge froulju en famkes út har doarp. Se waard neitiid finzen holden yn 'e grutte stêd Mosûl, yn noardlik Irak, dy't earder al yn 'e hannen fan IS fallen wie. Hja waard slein, ferkrêfte en tramtearre mei baarnende sigaretten. Moerad har earste besykjen om út te naaien mislearre, en neitiid waard se swier straft. Uteinlik slagge it har om nei likernôch in fearnsjier te ûntsnappen, doe't har 'eigner' in kear fergeat de doar op 't slot te dwaan.
Moerad krige help fan 'e islamityskehúshâlding dy't yn it hûs njonken dat fan 'e IS-strider wenne. Dy lju wisten har it gebiet út te smokkeljen dat behearske waard troch IS, en dêrnei koe se op eigen krêft it flechtlingekamp Rûanga berikke, by Dûhok, yn it troch de Koerden behearske noardlike part fan Irak. Yn febrewaris2015, likernôch in fearnsjier nei har ûntsnapping, die Moerad foar it earst ferslach fan 'e ferskrikkings dy't har oerkommen wiene, oan in ferslachjouwer fan 'e WaalskekranteLa Libre Belgique. Yn dy tiid wenne se yn in omboude frachtcontainer yn Rûanga. Mids 2015 wie se ien fan 1.000 froulju en bern dy't as ûnderdiel fan in helpprogramma foar flechtlingen troch it regear fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch nei Jeropa ta helle waard. Sûnt wennet se yn Dútslân.
Yn septimber2016 waard Moerad oansteld as de earste goodwill-ambassadeur fan 'e Feriene Naasjes mei as portefúlje Weardichheid fan Oerlibbenen fan Minskehannel. Yn dy hoedanichheid naam Moerad diel oan mondiale, regionale en pleatslike inisjativen om 'e minsken bewustwêzen by te bringen oer minskehannel en flechtlingen. Ek socht se kontakt mei mienskippen fan flechtlingen en oare oerlibbenen en harke se nei tsjûgeferslaggen fan slachtoffers fan minskehannel en genoside. Dyselde moanne makke Moerad by in gearkomste yn New York de oprjochting fan har eigen goeddiedichheidsorganisaasjeNadia's Initiative bekend, dy't tenei slachtoffers fan genoside, oarlochsmisdieden, misdieden tsjin 'e minsklikheid en minskehannel help biede soe om harren libbens wer op te bouwen en de wûnen yn harren mienskippen te genêzen.
Op 3 maaie2017 hie Moerad yn Fatikaanstêd in moeting mei pausFransiskus en aartsbiskopPaul Gallagher, dy't se om help frege út namme fan 'e Jezidy-froulju dy't op dat stuit noch yn finzenskip fan IS wiene. Ek kaam ûnder harren petear de mooglike oprjochting fan in autonome regio yn noardwestlik Irak foar minderheden as de Jezidys en de (kristlike) Assyriërs op 't aljemint. Fierders waard praten oer swierrichheden dêr't alle religieuzeminderheden yn Irak en Syrje mei te krijen hawwe. Letter dat jier, op 7 novimber, kaam Moerad har autobiografy út, mei as titelThe Last Girl: My Story of Captivity and My Fight Against the Islamic State ("It Lêste Famke: Myn Ferhaal fan Finzenskip en Myn Striid tsjin IS").