Mario Salieri (Napels, 29 novimber 1957) is in foaroansteand Italjaansk regisseur en filmprodusint fan pornografyske films. Hy begûn yn 1987 oan in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry, en wûn mei syn wurk ferskate wichtige prizen.
Libben en karriêre
Salieri waard yn 1957 berne yn 'e súdlike Italjaanske stêd Napels, dêr't er ek opgroeide. Hy sette yn 1987, doe't er tritich jier wie, útein mei in karriêre yn 'e Jeropeeske pornoyndustry. Yn 't earstoan makke er semy-amateurfilms foar de binnenlânske Italjaanske merk dy't er opnaam yn Amsterdam. Yn 'e 1990-er jierren begûn er lykwols iepentlik yn syn heitelân en oare dielen fan Jeropa te wurkjen.
Behalven dat Salieri films regissearre, skreau er foar de measten fan syn projekten ek sels it senario en boppedat fungearre er ek as produsint. Hy is de eigner fan 'e foaroansteande Italjaanske pornografyske filmstudio de Mario Salieri Entertainment Group. Guon fan syn bekendste films binne Inside Napoli, út 1989, en La Clinica della Vergogna, út 1995. Yn totaal hied er ein 2016 neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 142 films makke.
Yn 2001 wûn Salieri mei de film Divina op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana de Ninfa Award yn 'e kategory bêste regisseur. Yn 2007 wûn er dyseldichste priis jitris mei de film La Vedova della Camorra. Fierders hat Salieri ek twa kear de Venus Award fan 'e erotykfakbeurs fan Berlyn wûn, en yn 2008 waard him op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana de oeuvrepriis takend.
Prizen en nominaasjes
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes