Liza Minelli makke op twa jierrige leeftiid har debút as aktrise yn de film In the Good Old Summertime dêr't har mem in haadrol yn spile. Yn 1965 spile ze yn de musicalFlora, the Red Menace Se krige hjirfoar in Tony Award, mei har njoggentjin jier de jongste aktrise ea dy't dizze priis ûntfange mocht.
Yn 1969 spile se yn de film The Sterile Cuckoo har earste haadrol yn in film. Se krige hjirfoar har earste Oscarnominaasje. Yn 1973 krige se in Oscar foar Bêste Aktrise foar har optreden as Sally Bowles yn de filmmusical Cabaret fan Bob Fosse.
Har grutste filmsukses nei Cabaret helle se yn 1981, neist Dudley Moore yn de komeedzje Arthur.
Priveelibben
Minelli waard berne yn Los Angeles, Kalifornje, Feriene Steaten, as dochter fan aktrise Judy Garland en filmregisseurVincente Minnelli. Liza har âlden gongen útinoar doe't se fiif jier âld wie. Se groeide letterlik op yn de showbusiness, mei't har âlden har oeral mei hinne namen yn harren hektyske libben. Yn har jeugd gong se geregeld op wrâldtoernee mei har mem of wie se mei har heit yn de filmstudio. sjongeres Lorna Luft is in healsuster fan Minelli.
Minnelli hat fjouwer kear boaske west, mei sjonger Peter Allen (3 maart 1967 - 24 juny 1974), filmprodusint Jack Haley jr (15 septimber 1974 - 1979), keunstner Mark Gero (4 desimber 1979 - 1992) en konsertpromoter David Gest (16 maart 2002 - 24 july 2003).
You Brought a New Kind of Love to Me, Once in a While, You Are My Lucky Star, The Man I Love, Just You, Just Me, There Goes the Ball Game, Happy Endings, But the World Goes 'Round, Theme from New York, New York