De kagû-eftigen (Latynske namme: Eurypygimorphae, ek wol stavere as Eurypgimorphae) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves). Ta dizze groep hearre 2 skiften fûgels, nammentlik de kagû's en sinnerallen (Eurypygiformes) en de kearkringfûgeleftigen (Phaethontiformes).
De sibskipsrelaasje tusken dizze beide skiften waard pas yn 2013 ûntdutsen troch genetyske analyze. Foarhinne waarden de kearkringfûgeleftigen ûnderbrocht by de pilekaaneftigen (Pelecaniformes), wylst de kagû's en sinnerallen yn it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes) pleatst waarden.
Groepsopbou
- rangleas takson kagû-eftigen (Eurypygimorphae)
|
Boarnen, noaten en referinsjes