De hegere fûgels (Latynske namme: Metaves) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Ta dizze groep hearre 10 skiften fûgels, wêrûnder de do-eftigen (Columbiformes), de flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes) en de dûkereftigen (Podicipediformes), lykas de hjerringslynder. As takson steane de hegere fûgels op ien rang mei trije soartgelikense groepen binnen de nije fûgels, nammentlik de trapfoarmigen (Otidimorphae), de lânfûgels (Telluraves) en de wetterfûgels (Aequornithes).
Groepsopbou
- rangleas takson hegere fûgels (Metaves)
|
Boarnen, noaten en referinsjes