Hy hie syn atelier oan de Spilsluizen, in ûntwerp fan syn freon en arsjitekt (en ferneamd fuotballer) Evert van Linge. Dijktra barde syn earste jild mei yllustraasjes en reklamekeunst dy't er dêr makke. Hy wie ek boekbânûntwerper en ûntwerper fan ex librissen.
Yn 'e mande mei Jan Altink rjochte er 1918 de Grinzer Keunstrûnte De Ploeg op. Earst yn 1924 joech er him oer oan it ekspresjonisme. Johan Dijkstra en syn frou Marie (in suster fan Johan van Veen) kamen fia De Ploeg yn 'e kunde mei skriuwer/dichter Willem de Mérode. Hy makke yn 1924 fiif houtfiken foar it boek Ganymedes fan De Mérode. De ekspresjonistyske houtfiken binne mei opset sin primityf holden.
Dijkstra waard 1926 learaar by in tekenferiening fan Grinzer studinten. Dat fêst wurk joech romte foar it frije wurk fan skilderijen en in stikmannich byldhouwurken. Teffens makke er dekôrûntwerpen by ensenearre muzykútfieringen, dy't de komponist Daniël Ruyneman organisearre. Dijkstra syn earste artistike foarbyld wie Vincent van Gogh. Hy skildere it Grinzer plattelân, de stêd en portretten fan oare Ploeg-leden.
Fan 1930 ôf oan lei Dijkstra him fral ta op monumintale keunsten. Hy skoep in fresko yn it stedhûs fan Grins en learde fan Dútskeglêsskilders de technyk fan it brânskilderjen. Syn earste grutte monumintale opdracht fan foar de Twadde Wrâldoarloch wie it meitsjen fan de ruten foar de aula fan de Ryksuniversiteit, dy't ek twa frouljusheldinnen hawwe: de feministeAletta Jacobs en de fersetsfrou Anda Kerkhoven. Dy lêste skildere er ferskate kearen, ek nei't hja, koart foar de befrijing yn 1945, deadien waard troch de Sicherheitsdienst.
Dijkstra rekke yn de lêste jierren fan syn libben wat yn de nederklits. Nei it ferstjerren fan syn frou Marie swalke er gauris troch de strjitten fan Grins. Hy makke net folle wurk mear. Yn syn keunstkritiken yn it Nieuwsblad van het Noorden helle er hieltyd fûler út; sadwaande hie er op it lêst mar in pear freonen oer. Dijkstra stoar yn de âldens fan 81 jier yn syn wenplak Grins.
Wurk foar útjouwers (kar-út)
Oogsttafereel, omslach foar tydskrift Frisia, 1922
Josef Cohen, Schemerverzen, houtfiken, Grinzer Keunstrûnte de Ploeg, 1923