Manchester is in stêd en distrikt yn Ingelân. Der wenje sa'n 452.000 minsken yn de stêd, yn de stêdekloft wenje sa likernôch 2,6 miljoen.
Manchester jildt yn de hiele wrâld as in soarte fan argetype fan in tekstylstêd, mei omdat Flaamske wevers harren dêr fêstigen. De stêd wie wichtich by it opgong meitsjen fan de Yndustriële Revolúsje dêr't de rivier de Irwell, it Manchester Ship Canal, it Rochdale Canal en it Bridgewater Canal ek harres ta dienen.
Der komme twa fuotbalklups út Manchester dy't beide yn de Ingelske Premier League spylje; Manchester United en Manchester City.