Barrie waard yn 1860berne yn Kirriemuir, yn 'e Skotske krite Angus, as de soan fan David Barrie, in wever, en dy syn frou, Margaret Ogilvy, dy't al mei acht jier húsfrou wurden wie nei it ferstjerren fan har eigen mem. Hy wie it njoggende bern fan tsien, hoewol't twa fan 'e âldere bern al ferstoarn wiene ear't er te wrâld kaam. Barrie waard grutbrocht yn in konservatyfkalvinistysk fermidden. Doe't er seis jier wie, kaam syn âldere broer David, de leafling fan syn mem, op 'e dei foar syn fjirtjinde jierdei om by in ûngemak by it reedriden. Syn mem wie alhiel te lider slein, mar se putte treast út it feit dat har deade soan altyd in jonge bliuwe en nea grut wurde en har ferlitte soe.
Mei acht jier waard Barrie nei de Akademy fan Glasgow stjoerd, dêr't er op 'e noed wie fan syn âldste broer en suster Alexander en Mary Ann, dy't dêr allebeide les joegen. Twa jier letter kearde er werom nei hûs en learde er fierder oan 'e Akademy fan Forfar. Doe't er fjirtjin jier wie, waard er wer fuortstjoerd, diskear nei de Akademy fan Dumfries, dêr't er op 'e nij op 'e noed wie fan Alexander en Mary Ann. Barrie ûntjoech him ta in fersliner fan boeken en mocht benammen graach oer goedkeape pulpromantsjes en de wurken fan Robert Michael Ballantyne en James Fenimore Cooper. Mei oare learlingen rjochte er in toanielferiening op dy't it troch Barrie skreaune stik Bandelero the Bandit op 'e planken brocht. Dat late ta wat opskuor doe't it stik in predikant, dy't lid wie fan 'e ried fan tafersjoch fan 'e skoalle, yn it ferkearde kielsgat skeat om it ymmoreel wêze soe.
Nei't er weromkeard wie yn Kirriemuir, tsjinne Barrie in koart ferhaal yn by de St. James's Gazette, in Londenskekrante, dat er skreaun hie op basis fan syn memme ferhalen oer it plak dêr't se opgroeid wie. Hy joech it plak de fiktive namme 'Thrums', en gie benammen yn op 'e 'Auld Lichts', in strange religieuzesekte dêr't syn beppe ea ris ta heard hie. De haadredakteur hie sa'n niget oan "dat Skotkse spul", dat Barrie úteinlik in hiele rige ferhalen skreau, dy't er neitiid omwurke ta syn trije earste romans: Auld Licht Idylls (1888), A Window in Thrums (1890) en The Little Minister (1891). Moderne literatuerkritisy binne oer it algemien negatyf oer dy iere wurken, dy't no benammen sjoen wurde as sentimintele en nostalgyske ôfskilderings fan in doarpsk Skotlân dat fier ôf stie fan 'e reäliteiten fan 'e njoggentjinde-iuwskeyndustrialisaasje en urbanisaasje. Nettsjinsteande dat, of miskien wol krekt dêrom, wiene se doedestiden populêr genôch om 'e reputaasje fan Barrie as in súksesfol skriuwer te fêstigjen.
Underwilens hie Barrie Better Dead (1887) yn eigen behear publisearre, mar dat ferkocht net. Ek de duologySentimental Tommy (1896) en Tommy and Grizel (1900), oer in jonge en letter jongeman dy't fêsthâldt oan bernlike fantasij mei in ûngelokkich ein, diene it net bêst. Underwilens rekke Barrie, dy't nei Londenferfearn wie, almar mear op it teäter oriïntearre. Dat begûn mei in toanielstik dat in biografy fan 'e dichterRichard Savage wie, skreaun troch Barrie en H.B. Marriott Watson, dat lykwols mar ien kear opfierd waard en tige minne resinsjes krige fan 'e teäterkritisy. Fuort dêrnei brocht Barrie Ibsen's Ghost (1891) op 'e planken, in parody op 'e stikken Hedda Gabler en Gengangere ("Spûken") fan 'e Noarske toanielskriuwer Henrik Ibsen, dat it folle better die. Troch syn trêde toanielstik, Walker, London, út 1892, kaam Barrie yn 'e kunde mei de jonge aktrise Mary Ansell, mei wa't er op 9 july1894troude.
Yn 1901 en 1902 hie Barrie ferskate súksessen efterinoar. It toanielstik Quality Street gie oer in respektabele, ferantwurdlike, âldere, ûntroude frou dy't har foardocht as har eigen flirterigemuoikesizzer om 'e oandacht te winnen fan in eardere frijer dy't weromkeard is út 'e oarloch. The Admirable Crichton wie in troch de kritisy mei lof ûntfongen maatskippijkritysk stik oer in aristokratyskehúshâlding en harren tsjinstfolk, wêrby't de ferhâldings omdraaid wurde nei't it hiele selskip skipbrek lit hat en fêst kommen is te sitten op in ûnbewenne eilân.
Barrie hie nei Peter Pan noch in lange rige oare súksessen op it toaniel, wêrfan't in protte maatskippijkrityk befetten, mei't er trochgie mei in yntegrearjen fan syn persoanlike opfettings yn syn wurk. The Twelve Pound, út 1910, giet oer in frou dy't by har man wei giet sadree't se sels ynkommen generearje kin. Oare toanielstikken, lykas Dear Brutus (1917) en Mary Rose (1920), giene wer oer it nea ferâlderjende bern en parallelle wrâlden. Yn 1909 en 1911 wie Barrie fierders, yn 'e mande mei in stikmannich oare toanielskriuwers, behelle yn in beweging dy't besocht de Britske teätersensuer te beëinigjen. Fan 1919 oant 1922 tsjinne er as rektor fan 'e Universiteit fan St Andrews, yn Skotlân, en fan 1930 oant syn dea wied er kânselier fan 'e Universiteit fan Edinburgh. Syn lêste toanielstik wie The Boy David, út 1936, dat in dramatisearre werfertelling is fan it bibelske ferhaal fan keningSaul en de jonge David.
Priveelibben
Houlik
Barrie kaam yn 1891 yn 'e kunde mei de Mary Ansell, nei't er syn freonJerome K. Jerome frege hie oft dy ek in tsjeppe jonge aktrise koe om in rol yn syn toanielstik Walker, London te spyljen. Hja rekken befreone, en sy holp syn famyljeleden om him te fersoargjen doe't er yn 1893 en 1894 tige siik rekke. Barrie frege har om mei him te trouwen, en de brulloft fûn plak op 9 july1894 yn syn berteplak Kirriemuir, koart nei't er wer opbettere wie. Nei't it skynt, waard harren houlik nea konsumearre, en yn elts gefal hiene se gjin bern.
Fan mids 1908 ôf hie Mary in ferhâlding mei de tweintich jier jongere Gilbert Cannan, dy't belutsen wie by Barrie syn krewearjen tsjin teätersensuer. Doe't Barrie dat yn july1909 ûntdiek, easke er fan syn frou dat se de relaasje mei Cannan beëinigje soe, mar dat wegere se. Om in skandaal foar te kommen yn in tiid dat in skieding dêr noch oanlieding ta joech, bea Barrie har in skieding fan tafel en bêd oan as se mar net mear mei har minner omgie, mar ek dat wegere se. Dêrop frege Barrie in skieding oan op grûn fan oerhoer, dy't yn oktober1909 syn beslach krige. Nettsjinsteande de beëiniging fan harren houlik en it feit dat er der op gjin inkele wize ta ferplichte wie, gie Barrie troch mei it finansjeel ûnderstypjen fan syn eks-frou, sels nei't se wertroud wie mei Cannan, troch har in jierjild ta te kennen. Dat lange er elts jier oan har oer by in besletten diner op harren troudei.
Nei it ferstjerren fan Arthur Llewelyn Davies rekke 'omke Jim', sa't de jonges him neamden, noch mear by it gesin belutsen, dat er fan dy tiid ôf finansjeel ûnderhold. Ek betelle er foar de stúdzjes fan 'e fiif jonges. (Mei it stik Peter Pan hied er mear as genôch fertsjinne om dat mooglik te meitsjen.) Nei de dea fan Sylvia, yn 1910, hold Barrie út dat hy en sy harren koart tefoaren ferlove hiene, mar út har testamint bliek dêr neat fan. Wol hie se dêryn har winsk fêstlizze litten dat "J.M.B." fâd oer har minderjierrige soannen wurde soe, yn 'e mande mei har mem Emma, har broerGuy du Maurier en Arthur syn broer Compton. Doe't er in pear moannen letter it testamint foar Sylvia har famylje oerskreau, bedreach Barrie de boel troch syn eigen namme op in oar plak yn te foegjen. Sylvia hie skreaun dat se woe dat Mary Hodgson, de bernejuffer, trochgean soe mei de deistige fersoarging fan 'e jonges, en dat Jenny (Hodgson har suster) har dêrby helpe moast. Barrie skreau ynstee fan "Jenny" lykwols "Jimmy" (d.w.s. himsels). Hy en Mary Hodgson koene net al te bêst, mar foarmen surrogaatâlden foar de jonges oant se folwoeksen wiene. De Llewelyn Davies-jonges dy't Barrie it neist wiene, stoaren allebeide jong. George sneuvele yn 1915 yn 'e Earste Wrâldoarloch, wylst Michael yn 1921 mei in oare studintferdronk by in ûngemak yn 'e neite fan Oxford.
Beskuldigings fan pedofily
Barrie ûnderhold ek freonskippen mei oare bern, sawol foar as nei't de Llewelyn Davies-jonges folwoeksen wurden wiene. Sadwaande foel him yn 'e moderne tiid al rillegau de fertinking fan pedofily ta. In oare boarne foar sokke spekulaasje is in passaazje yn syn roman The Little White Bird, wêryn't de protagonist in lyts jonkje helpt om him út te klaaien om op bêd, wêrnei't er op fersyk fan dat jonkje yn itselde bêd sliept. Tsjin soks waard lykwols yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw hiel oars oansjoen as no. Der bestiet gjin inkeld bewiis dat Barrie ea seksueel kontakt fan lykfol hokker soarte mei bern hie, en hy waard der yn syn eigen tiid ek hielendal net fan fertocht. Nico, de jongste fan 'e Llewelyn Davies-bruorren, liet him op dit mêd ris út, wêrby't er elts idee fan pedofily yn net mis te fersteane bewurdings nei it ryk fan 'e fabels ferwiisde, en sei dat er eins fermoede dat Barrie aseksueel wie, wat strike soe mei de geroften oer syn net-konsumearre houlik.