Yn 1948 kaam it skip by de Keninklike Marine om de Hr. Ms. Karel Doorman (1946), dat sûnt 1946 hierd wie, te ferfangen. Fan july 1955 oant juny 1958 waard it by de Schiedamse skipswerf Wilton-Fijenoord ferboud om it ree te meitsjen foar it brûken strieljagers. Der waard doe in hoekedek fan acht graden oanbrocht, de hydraulyskekatapult waard ferfongen troch in stoomkatapult en der waard in deklâningsspegelsysteem ynstallearre.
It skip hie yn 't earstoan romte foar 30 fleantugen. Doe't de gruttere en swierdere tastellen kamen wienen dat noch 20.
Yn 1960 makke it in lange reis, wêrby't ûnder oaren Nederlânsk Nij-Guinea besocht waard.
Dy reis, en ek de oerdracht fan Nij-Guinea oan Yndoneezje net folle letter, makken de Nederlânske oerheid dúdlik dat in oare rol foar de marine net keard wurde koe. De marine soe har yn de takomst benammen rjochtsje moatte op it bestriden fan ûnderseeboaten yn de Atlantyske Oseaan, oparbeidzjend mei de NAVO bûnsgenoaten. In selsstannige rol, bûten NAVO-gebiet, wie út d tiid en dêrom wie der langer gjin ferlet fan in fleandekskip. Der waard besletten om net mear te ynvestearjen yn de Doorman en it skip om 1970 hinne út de feart te heljen. De yn 1956 kochte Hawker Seahawk-jachtfleanmasines waarden yn 1964 útfasearre en sloopt.
Op 28 april1968 ûntstie brân yn de foarste masinekeamer en dêrnei ek de efterste masinekeamer. Meidat it skip noch mar twa jier tsjinje soe, waard ôfsjoen fan reparaasje. Op 14 oktober dat jier waard it ferkocht oan Argentynje en waard it omdoopt yn ARA Veinticinco de Mayo (nei de revolúsje fan 25 maaie1810).
Yn de Falklânoarloch fan 1982 wie it skip noch yn tsjinst en waard it yn it begjin fan it konflikt seker ien kear ynset om de Britske float oan te fallen. Nei it te sink bringen fan de kruser Belgrano waard it skip weromhelle nei it kontinaal plat foar Argentynje dêr't, dêr't de Britske ûnderseeboaten net folgje koenen. Juny 1986 waard it út de faart naam omdat der gjin jild foar modernisearring ta foldwaan wie. Maart 2000 waard sy by Alang (Yndia) op it strân set en dêr sloopt.