It Royal Exhibition Building waard yn 1880 boud foar de wrâldtentoanstelling en is hjoed dei in monumint dat op de wrâlderfgoedlist stiet. De Royal Exhibition Building waard ûntwurpen troch Joseph Reed. In oantal parten fan it gebou binne yn de rin fan de jierren wol ferdwûn sa baarnde yn 1953 akwarium ôf en waard yn 1979 de balseal ôfbrútsen. Yn 1956 waard it gebou brûkt foar de Olympyske Simmerspullen der wie plak foar 3.500 taskôgers.