It Panathinaiko Stadium waard boud yn 1895 op it plak fan in earder stadion út 330 f.Kr. en hie yn 1896 plak foar 80.000 taskôgers. De foarm fan de atletykbaan is bysûnder, en falt nûiten de hjoeddeiske standerd foar in 400-meterbaan. De lingte fan it middenterrein is 235 meter, en de breedte is mar in inkele tsientallen meters. De baan hat dêrtroch de foarm fan in hierspjeld. Hjoed de dei is it stadion foar de measte sporten net mear te brûken mar yn 2004 is it noch wol brûkt foar it Bôgesjitten en hie doe plak foar 45.000 taskôgers.