FrieslandCampina, offisjeel Zuivelcoöperatie FrieslandCampina U.A., is in grutte Nederlânske, ynternasjonaal operearjende suvelkoöperaasje, foarme troch melkfeehâlders út Nederlân, Belgje en Dútslân. De ûndernimming bestiet sûnt ein 2008 en kaam fuort út in fúzje fan 'e eardere suvelkoöperaasjes Friesland Foods en Campina. De feitlike aktiviteiten fan 'e koöperaasje binne ûnderbrocht yn 'e Keninklike FrieslandCampina N.V. It predikaat "Keninklik" waard yn 2004 oan Friesland Foods takend fanwegen de 125-jierrige skiednis fan dat bedriuw en syn rjochtsfoargongers (lykas Frico en de CCF). Nei de fúzje gie dat predikaat oer op FrieslandCampina.
Noch dyselde deis, 17 desimber, karden de lederieden de fúzje definityf goed, sadat dy op 30 desimber2008 trochfierd wurde koe. Op dat stuit wie FrieslandCampina op papier de grutste suvelkoöperaasje fan 'e wrâld en de op twa nei grutste suvelûndernimming fan 'e wrâld. Der wiene 22.000 wurknimmers en 17.000 oansletten melkfeehâlders, en de ûndernimming ferwurke jiers 8,7 miljoen ton rauwe molke en hie in omset fan €8,3 miljard.
Undernimmingsstruktuer
Anno 2018 is FrieslandCampina in koöperaasje mei 18.261 aktive leden en 12.104 oansletten melkfeehâlders yn Nederlân, Belgje en Dútslân. De leden binne yn 'e ûndernimming fertsjintwurdige yn in út 210 sitten tellende lederied. De leden fan 'e lederied kieze de njoggen bestjoersleden fan 'e Zuivelcoöperatie FrieslandCampina U.A., dy't ek diel útmeitsje fan 'e ried fan kommissarissen fan 'e Keninklike FrieslandCampina N.V. Dat is in namleaze fennoatskip wêrfan't 100% fan 'e oandielen yn eigendom binne fan 'e koöperaasje. De Keninklike FrieslandCampina is wer de iennichste oandielhâlder fan FrieslandCampina Nederland Holding B.V., dêr't alle dochterûndernimmings op it mêd fan molkeferwurkjende aktiviteiten yn Nederlân yn ûnderbrocht binne.
FrieslandCampina is in tige ynternasjonaal aktive ûndernimming. Fan 'e totale omset fan 2018, dy't €11,6 miljard bedroech, waard mear as 75% bûten de grinzen fan Nederlân reälisearre. Yn 'e rest fan Jeropa waard in trêde fan 'e omset behelle. Kwa grutte is Dútslân de twadde thúsmerk foar FrieslandCampina. Nochris in trêdepart fan 'e omset waard behelle yn Aazje. De winst oer 2018 bedroech €203 miljoen. Dêrfoar waard dat jiers mear as 11 miljard kgmolke ferwurke. Yn desimber2016 naam FrieslandCampina foar €436 miljoen in belang fan 51% yn Engro Foods, it op ien nei grutste suvelbedriuw fan Pakistan.