De lânkring Freyung-Grafenau is in bestjoerlik distrikt yn 'e DútskedielsteatBeieren. De lânkring grinzget yn it noardeasten oan Tsjechje en is it meast eastlike distrikt fan Beieren. Freyung-Grafenau waard yn 1972 oprjochte en de haadstêd is Freyung.
Gemeenten
De lânkring bestiet út 25 gemeenten, wêrfan trije stêden en trije Märkte.
(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[2]