(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[2]