De flagge fan Molkwar is de flagge fan de flekkeMolkwar, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1995 registrearre.
Skiednis
De flagge fan Molkwar is al lang bekend, al wie de útfiering wikseljend. De flagge ferskynde koart nei 1700 op de earste flaggekaart foar seelju, útjûn yn Amsterdam. Dêr is de flagge blau mei in wite swan. Fierder komt de flagge foar yn in Italjaansk hânskrift fan om 1650 hinne; dêr is de flagge swart mei yn it midden oan de ûnderkant fan de flagge in lytse swimmende swan op eat wat neffens alle mieningen it wetter foarstelle moat. En dan is der noch in bekende rymke: "De zwaan in het zwart, zit Molkwerummers in het hart".
Flagge fan Molkwar yn in Frânsk flaggeboek út de perioade 1667-1670.
De flagge fan Molkwar yn it Wapen- en vlaggenboek fan Gerrit Hesman út 1708.
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
Yn swart in swimmende wite swan mei opsleinde fleugels en giele bek. De swan 2/3 flaggehichte, pleatse oan de broekside.