De swannen (Cygnus) is in skaai út de famylje fan de einfûgels (Anatidae). Swannen binne de grutste wetterfûgels ûnder de einfûgels. It binne liddige fûgels, mar de lange nekke jout harren dochs wat sierliks. De soarten op it noardlik healrûn binne hielendal wyt, mei swarte poaten. Op it súdlik healrûn libje twa soarten mei swarte fearen: de swarte swan en de swartnekke swan.