MacColl waard yn 1915 berne as James Henry Miller yn Salford, dat doe noch yn it greefskip Lancashire lei, mar no diel útmakket fan Greater Manchester. Syn heit, William Miller, en syn mem, Betsy Hendry, wiene allebeide fan Skotsk komôf en oertsjûge sosjalisten. William Miller wie in izerwurker en in militant fakbûnslid, dy't nei Ingelân ferfearn wie om't er fanwegen syn fakbûnsaktiviteiten by gjin inkele izerjitterij yn Skotlân noch wurk krije koe. MacColl wie it iennichste oerlibjende bern yn it gesin (fan fjouwer), en waard grutbrocht yn in fermidden dêr't fûleindige politike diskusjes ôfwiksele waarden mei it sjongen fan ferskes út it wiidweidige repertwaar dat syn âlden út Skotlân meinommen hiene. Hy ferliet de skoalle yn 1930, op it slimst fan 'e Krisisjierren, en koe him doe daliks oanslute by it leger fan 'e wurkleazen. MacColl, lykwols, sette yn 'e Iepenbiere Bibleteek fan Manchester útein mei in libbenslang folholden kampanje ta selsûnderrjocht, dy't as bykommend foardiel hie dat er dêr winterdeis ek lekker waarm bliuwe koe. Yn dyselde snuorje fertsjinne er út en troch wat by as strjitmuzikant.
Akteur
MacColl joech him by de Kommunistyske Partij en wie yn 'e tritiger jierren belutsen by ferskate kommunistyske manifestaasjes en protestaksjes, sadat er yn 1932 de oandacht loek fan MI5, de Britske kontraspionaazjetsjinst, dy't in dossier oer him begûn oan te lizzen. MacColl wie ek lid fan 'e Clarion Players, in sosjalistysk toanielselskip. Dêrtroch kaam er yn 'e kunde mei in jonge aktrise út Londen, dy't fan Joan Littlewood hiet, en mei wa't er yn 1934 troude. MI5 soarge derfoar dat guon fan 'e troch MacColl skreaun ferskes ôfwiisd waarden troch de BBC, en behindere dat Littlewood wurk fûn as presintatrise by de omrop. Oan MacColl syn aktivisme, en de narderijen troch de plysje, kaam foarearst in ein doe't yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek. Yn july 1940 gie MacColl yn tsjinst, mar yn desimber fan dat jier desertearre er. Wat de reden dêrfoar wie en wêrom't er der nei de oarloch net foar ferfolge waard, is noch altiten in riedsel.
Yn 1946 foarme er mei Littlewood en guon eardere kammeraten de Theatre Workshop, in toanielselskip dêr't er de folgjende pear jier mei op toernee gie troch noardlik Ingelân. Yn dy tiid naam er, ûnder ynfloed fan 'e Skotske taalbeweging, de artystenamme Ewan MacColl oan. Yn 'e Theatre Workshop ûntjoech Joan Littlewood har ta regisseur, art director en toanielskriuwster; letter soe hja namme meitsje as toanielregisseur. Har houlik mei MacColl, dat sûnder bern bleaun wie, rûn yn 1950 út op in skieding. MacColl wertroude neitiid mei in Jean Newlove, mei wa't er twa bern krige: in soan, Hamish (1950), en in dochter, de sjongster en ferskesskriuwster Kirsty MacColl (1959-2000).
Sjonger
Yn dyselde snuorje woeks MacColl syn entûsjasme foar folksmuzyk oan. Hy sette útein mei it sammeljen fan tradisjonele lieten en dy by optredens te sjongen. Syn lange bân mei plateprodusint Topic Records begûn er yn 1950, doe't er dêr de single The Asphalter's Song opnimme en útbringe liet. Doe't de Theatre Workshop yn 1953 nei Londen ta ferfear, in ferhuzing dêr't MacColl him tsjin ferset hie, gie er by it selskip wei. Hy joech syn aktearkarriêre deroan en konsintrearre him tenei op syn sjongkarriêre. Troch de jierren hinne naam MacColl mear as hûndert albums op, in protte dêrfan mei de Ingelske folkssjonger A.L. Lloyd. Ek wurke er ferskate kearen gear mei de Ierske sjonger en ferskesskriuwer Dominic Behan.
Yn 1956 ûntstie der in skandaal doe't MacColl fereale waard op 'e doe tweintichjierrige Peggy Seeger, in Amerikaanske folkssjongster dy't yn Ingelân kommen wie om mei te wurkjen oan it boek Folk Songs of North America (publ. yn 1961). Sy en MacColl skeelden doe tweintich jier, en boppedat wie MacColl noch troud mei syn twadde frou, Jean Newlove. Dat houlik rûn sadwaande op in skieding út, en yn 1977 troude MacColl úteinlik mei Seeger, nei't se tweintich jier lang minners west hiene. Hja krigen tegearre trije bern.
In protte fan MacColl syn bekenste ferskes skreau er foar it teäter. Sa skreau er The First Time Ever I Saw Your Face fluch-fluch foar Peggy Seeger, dy't der ferlet fan hie foar in toanielstik dêr't se yn spile. Hy learde it har oer de tillefoan wylst se op toernee wie yn Amearika, dêr't MacColl persona non grata wie fanwegen syn kommunistyske ferline. Dat liet waard yn 1972 yn 'e Feriene Steaten in nûmer-ienhit doe't it covere waard troch Roberta Flack. MacColl wûn der doe in Grammy Award mei foar it liet fan it jier. Yn 1858 begûn MacColl foar it earst LP's út te bringen, wêrûnder ferskate dêr't er op gearwurke mei Seeger. Syn liet Dirty Old Town, oer Salford, dêr't er opgroeid wie, ûntjoech him ta ien fan 'e hoekstiennen fan 'e Ingelske folksmuzyk, en waard covere troch û.o. The Dubliners (1968), Rod Stewart (1969) en de Simple Minds (2003).
Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wie MacColl ien fan 'e wichtichste Britske protestsjongers. Yn 'e earste helte fan 'e fyftiger jierren skreau er û.m. The Ballad of Ho Chi Minh, oer de Noardfjetnameeske kommunistyske lieder Ho Chi Minh, dat nei't it skynt hjoed de dei noch altyd rûnom bekend is yn Fjetnam, en teffens The Ballad of Stalin, oer Sovjet-lieder Jozef Stalin. Foar datlêste liet skamme MacColl him doe't yn 1956, ûnder Chroesjtsjov, alle skanddieden fan Stalin nei bûten brocht waarden. MacColl song tsjin 'e Fjetnamoarloch en foar nukleêre ûntwapening. Hy kearde him ek tsjin 'e deastraf yn Grut-Brittanje, mei it liet The Ballad of Tim Evans, oer de wier barde saak fan in ûnskuldich man, de 25-jierrige WelsmanTimothy Evans, dy't yn 1950 terjochtsteld waard foar de moard op syn eigen frou en harren poppe. (Evans hold út dat syn ûnderbuorman, in John Christie, de wiere skuldige wie, mar hy waard net leaud. Jierren nei syn eksekúsje waard ûntdutsen dat Christie in searjemoardner wie dy't in hiele rige froulju deadien hie, wêrûnder Evans syn frou en bern.)
Ferstjerren
Uteinlik soe MacColl eigenhandich mear as trijehûndert lieten skriuwe (de folksballades dy't er sammele en bewurke dus net meirekkene). Yn 1998 publisearre Peggy Seeger The Essential Ewan McColl Songbook, dêr't mear as twahûndert fan syn lieten yn gearbrocht binne. Nei jierrenlang yn 'e minnichte omgammele te hawwen, kaam Ewan MacColl yn oktober 1989 te ferstjerren. Syn widdo Peggy Seeger skonk syn persoanlik argyf oan it Ruskin College fan 'e Universiteit fan Oxford. Yn 1991 waard oan MacColl postúm in earedoktoraat oan 'e Universiteit fan Salford takend.
Wurk
Bibliografy
1985: Theatres of the Left, 1880-1935: Workers' Theatre Movements in Britain and America (mei Raphael Samuel en Stuart Cosgrove)
1986: Agit-Prop to Theatre Workshop, Political Playscripts, 1930-1950 (mei Howard Goorney)
1990: Journeyman: an Autobiography (mei in ynlieding troch Peggy Seeger)
1998: The Essential Ewan MacColl Songbook: Sixty Years of Songmaking (red. Peggy Seeger)
English and Scottish Folk Ballads (1964; mei A.L. Lloyd)
A Sailor's Garland (1966; mei A.L. Lloyd)
Blow Boys Blow (1967; mei A.L. Lloyd)
harkspullen foar de BBC-radio (1958-1964) (in mjuks fan dokumintêre, toaniel en sang)
Ballad of John Axon (1958)
Song of a Road (1959)
Singing The Fishing (1960)
The Big Hewer (1961)
The Body Blow (1962)
On The Edge (1963)
The Fight Game (1964)
The Travelling People (1964)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Goorney, Howard, en MacColl, Ewan, (red.), Agit-Prop to Theatre Workshop, Political Playscripts, 1930-1950, Manchester, 1986 (Manchester University Press) ISBN 0 71 90 22 118.
Harker, Ben, Class Act: the Cultural and Political Life of Ewan MacColl, London 2007 (Pluto Press), ISBN 978-0 74 53 21 653.
Littlewood, Joan, Joan's Book: Joan Littlewood's Peculiar History As She Tells It, London, 1994 (Methuen), ISBN 0 41 37 73 183.
MacColl, Ewan, en (red.) Seeger, Peggy, The Essential Ewan MacColl Songbook: Sixty Years of Songmaking, New York, 1998 (Oak Publications).
MacColl, Ewan, Journeyman: An Autobiography (ynl. tr. Peggy Seeger), London, 1990 (Sidgwick & Jackson), ISBN 0 28 30 60 360.
O'Brien, Karen, Kirsty MacColl, The One and Only: The Definitive Biography, London, 2004 (Andre Deutsch), ISBN 0 23 30 00 704.
Pegg, Carole A., British Traditional and Folk Musics, yn: British Journal of Ethnomusicology, 1999, fol. 7, s. 193-198.
Samuel, Raphael; MacColl, Ewan; and Cosgrove, Stuart, Theatres of the Left, 1880-1935: Workers' Theatre Movements in Britain and America, London, 1985 (Routledge & Kegan Paul), ISBN 0 71 00 09 011.