Doe't Ratajkowski fiif jier wie, ferfear it gesin nei it KalifornyskeSan Diego, en se brocht har fierdere jonkheid troch yn Encinitas, in foarstêd fan San Diego, wylst it gesin frijwol eltse simmer yn Jeropa op fakânsje gie, benammen yn Ierlân en op Majorka. Ratajkowski groeide op sûnder tillefyzje, en die yn har frije tiid oan fuotbal, amateurtoaniel en ballet. Troch har heite wurk as keunstskilder en tekenlearaar rekke se al jong fertroud mei neakenskilderijen, neakenfotografy en neakenmodellen. Fierders wiene sy en har mem op it strân fan Majorka eltse simmer topless oan it sinnebaaien, wat yn 'e Feriene Steaten noch altyd not done is.
Feitliks hie Ratajkowski earst gjin belangstelling foar dat optreden, mei't se koart dêrfoar ek al yn twa oare fideoklips te sjen west hie, en se bang wie om it label "fideoklipmodel" opspjelde te krijen. De regisseur fan 'e klip, Diane Martel, wist har lykwols te bepraten, en sa koe it dat Ratajkowski yn 'e spraakmeitsjende klip mei twa oare modellen (Jessi M'Bengue en Elle Evans) topless omdûnset wylst Thicke syn lietsje sjongt (der bestiet ek in "oanklaaide" of sinsurearre ferzje foar de kekene Amerikaanske merk). Nettsjinsteande de te ferwachtsjen krityk fan feministen en kristen-fûnemintalisten (of miskien wol krekt dêrtroch) waard it nûmer in geweldich súkses, dat yn 14 lannen it earste plak op 'e hitlisten helle (wêrûnder de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Kanada en Nederlân).
Ratajkowski fûn alle oandacht dy't útgie nei de neakenens fan 'e modellen yn 'e klip mar nuver. Se sei dat it foar har dúdlik wie dat soks oanjoech dat de Amerikaanske kultuer net sa'n protte foarútgong makke hie as men ferwachte hawwe soe. Neffens har wurdt yn 'e hjoeddeiske (Amerikaanske) maatskippij seksualiteit ûnderdrukt, wat in ferkearde saak is foar beide geslachten.
Har bekendheid fanwegen Blurred Lines wist Ratajkowski om te setten yn in súksesfolle modellekarriêre, mei ûnder mear in baaikleanreportaazje yn it toanoanjaande Amerikaanske sporttydskriftSports Illustrated en eroatyske reportaazjes yn 'e manljusblêden FHM en Maxim. Dêrnjonken is se no ek wurksum as aktrise. Foartiid ambiëarre Ratajkowski ek al in aktearkarriêre, mar doe waard se inkeld cast yn roltsjes as "it gemiene fanke" of "de cheerleader", dy't har net de muoite wurdich wiene. Yn 2009 en 2010 ferskynde se twa kear yn in ôflevering fan 'e bernesearje iCarly, in optreden dat se beskôge as har iennichste wiere aktearwurk. Nei Blurred Lines koe se har aktearkarriêre lykwols ynienen wol fan 'e grûn krije, en sûnt hie se rollen yn 'e filmsGone Girl (mei Ben Affleck) út 2014, Entourage (as harsels), út 2015, en We Are Your Friends (mei Zac Efron), ek út 2015.