Al mei fiif jier kaam François mei toaniel yn oanrekking, hja hie doe in rol as Sniewytsje.[1] Op it gymnasium folge se al in teaterkursus. [2]
Se waard ûntdekt as aktrise, yn 2005, troch de regisseurs Jean-Pierre en Luc Dardenne, dy't har de froulike haadrol tafertrouden yn harren film It Bern. De film krige tige goede kritiken en gie nei it Filmfestival fan Cannes en krige in Gouden palm foar bêste film..
Nei har debút helle Déborah François har gymnasiumdiploma en koe hja yn ien tried wei troch begjinne oan har twadde filmrol yn Denis Dercourt syn thrillerLa tourneuse de Pages. Sy beheinde yn dy rol har mimyk ta eagen en mûle; it brocht har yn de geunst by de ynternasjonale filmkrityk, dy't har sels fergeliken mei in jonge Catherine Deneuve yn Roman PolańskisEkel.[3] François, dy't oarsronklik les yn literatuer jaan woe, krige der in nominaasje foar in César foar yn 2007.
Nei de films '’It Bern’’ en La Tourneuse de Pages krige hja grutte rollen yn de dramafilm Les fourmis rouges en de telefyzjeproduksje Dombais et fils. Yn Stephan Carpiaux’ s Les fourmis rougesspilet hja de 16-jierrige geastlik ienfâldige Alex, dy’t ysolearre libbet yn in doarpke yn de Ardennen, en hatr bewust wurdt fan har seksuliteit. Yn Laurent JaouisDombais et fils wie de aktrise dy’t under oarenwar Charlotte Rampling en Julia Roberts as har grutte foarbylden sjocht, tagelyk mei Christophe Malavoy te sjen.
Itselde jier siet François neist Josée Dayan en Hubert Sauper yn de s rury fan it 19e Europeeske Filmfestival fan Angers[4].