Op in stuit beslút er te besykjen en ferwêzentlikje dy dream. Hy nimt er ûntslach en freget Tony "Little Duke" Evers, de soan fan Tony "Duke" Evers, de trainer fan Apollo Creed, om him te trainen. Dy stegeret him lykwols ôf, om't er fan tinken is dat Donnie syn libben yn rykdom him weak makke hat. As Donnie oan syn pleechmem fertelt wat er dien hat en wat er fan doel is, kantet dy har fûleinich tsjin syn plannen oan. Se is har man ferlern yn 'e ring, en se wol net op deselde manear ek noch har soan ferlieze. As Donnie trochset, seit se dat er har net mear hoecht te skiljen.
Donnie reizget nei Philadelphia ta, dêr't er kontakt siket mei syn heite âlde rivaal en freon, de rêstend bokskampioen Rocky Balboa. Dat is in widner dy't in restaurant eksploitearret, en hy fielt der neat foar om him wer yn 'e bokswrâld te bejaan. Donnie hâldt lykwols oan as kâld wetter, en úteinlik jout Rocky stikje by bytsje ta. Underwilens rekket Donnie fereale op syn ûnderbuorfrou Bianca, in kreazesjongster en lietsjeskriuwster mei in progressive earoandwaning dy't har úteinlik dôf meitsje sil. Uteinlik jout Rocky belies en lit er Donnie by him ynlûke sadat er de jonge dei en nacht begeliede kin; hy jout him de keamer fan syn sweager Paulie silger.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Donnie makket gebrûk fan 'e efternamme Johnson, de namme fan syn mem, om't er it yn 'e bokswrâld meitsje wol sûnder de reputaasje fan syn biologyske heit as opstapke te brûken. As er lykwols yn syn earste bokswedstryd mei Rocky as trainer Leo Sporino ferslacht, in gâns ûnthjittende pleatslike bokser, docht dy syn trainer en heit Pete Sporino yn Los Angeles neifraach nei him. Sa komt oan it ljocht dat Donnie de soan fan Apollo Creed is, en hoewol't Rocky Sporino freget om dat stil te hâlden, stiet it al rillegau yn koweletters op 'e omslach fan alle sportblêden.
Neitiid wurdt Rocky opskille troch Tommy Holiday, de trainer fan 'e Ingelske bokser Ricky Conlan. Dy Conlan is de wrâldkampioen boksen yn 'e lichte swiergewichtklasse. Om't er feroardiele is ta it útsitten fan in finzenisstraf moat er him mei koarten twongen út it boksen weromlûke, mar der is tiid foar noch ien wedstryd. Mei de tsjinstanner dy't dêrfoar útsocht wie, wurdt it lykwols neat mear, om't Conlan him by in mienskiplike parsekonferinsje in brutsen kaak slein hat. Holliday biedt no Donnie de kâns oan om it op te nimmen tsjin Conlan, op betingst dat er syn namme feroaret fan Johnson yn Creed. Donnie fielt dêr neat foar, mar nei't Bianca op him ynpraten hat, bynt er yn.
Wylst er Donnie traint foar de wedstryd tsjin Conlan, falt Rocky der op in stuit samar hinne. As er him yn it sikehûs ûndersykje lit, komt oan it ljocht dat er oanhelle is mei non-hodgkinlymfoom, in foarm fan kanker. Syn dokter wol dat er gemoterapy ûndergiet, mar dêr wol Rocky neat fan witte. Syn frou Adrian silger hie ek kanker en hoewol't se gemoterapy naam, joech it har neat en kaam se dochs te ferstjerren. Rocky is iensum en fynt dat er alles berikt hat dat er berikke woe, dat it is him wol bêst om te stjerren. Donnie is poerrazen oer dy hâlding. Hy wegeret him fierders noch troch Rocky traine te litten en siket boppedat rûzje mei Bianca, dy't neitiid harren relaasje beëiniget. As er wat ôfkuolle is, slút Donnie mei Rocky in oerienkomst: hy sil wer by Rocky yn training gean foar de kommende wedstryd, mar yn ruil dêrfoar moat Rocky tsjin 'e kanker fjochtsje en gemoterapy folgje. Rocky jout ta en fan dy tiid ôf fynt de training foar in grut part plak yn it sikehûs.
De wedstryd tsjin Ricky Conlan wurdt holden yn it Ingelske Liverpool. De jûns foar de wedstryd komt Bianca dêr opdaagjen, dy't troch Rocky bepraat is om Donnie noch in kâns te jaan. Letter ûntfangt Donnie in pakje fan syn pleechmem Mary Anne, dêr't in boksbroek yn 'e kleuren fan 'e Amerikaanske flagge yn blykt te sitten, krekt as de boksbroek dy't Apollo Creed droech. Foarôfgeande oan 'e wedstryd ferwachtet nimmen dat Donnie Creed, dy't dúdlik inkeld om syn namme as tsjinstanner keazen is, in kâns hat om fan Conlan te winnen.
Yn de ring docht lykwols bliken dat Donnie ûnder training fan Rocky hiel wat byleard hat. Nei in drege earste omgong komt er werom om it Conlan dreech te meitsjen, en úteinlik slacht er Conlan sels tsjin it kanvas, de earste kear yn syn karriêre dat dat Conlan oerkommen is. Mar hy bliuwt net lizzen, en oan 'e ein fan it gefjocht wurdt de oerwinning troch in net unanime sjuerybeslissing oan Conlan jûn. Donnie hat lykwols freon en fijân ferrast, en Conlan seit foar de mikrofoan dat Donnie de takomst fan it licht-swiergewichtboksen is. De film einiget as Donnie Rocky helpt om 'e treppens te beklimmen fan it Philadelphia Museum of Art, dêr't de âlde bokser krapoan fjirtich jier lyn de training foar syn earste wedstryd tsjin Apollo Creed begûn.
Creed waard troch de filmkritisy tige goed ûntfongen. Herman Dhaliwal fan A.V. Wire skreau dat de film "alles wie dat ik wollen hawwe soe dat er wie en mear." Hy neamde Creed "emosjoneel, grappich, ynnimmend en optein stimmend," en hie benammen in protte lof foar regisseurRyan Coogler. Yn it tydskriftVariety skreau Andrew Barker dat de Creed him mjitte koe mei syn foargongers út 'e Rocky-searje. Hy fûn dat fral haadrolspilersSylvester Stallone en Michael B. Jordan treflike prestaasjes leveren. Op IGN joech John Lasser Creed as sifer in 81/2. Hy neamde de film "in spegel fan it ferhaal fan Rocky," en fûn ek dat "Cooglers film neat bûten it fêste stramyn [fan 'e searje] docht."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Creed in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 284 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, karakterisearre Creed as: "in ferrassend effektive sânde omgong dy't dizze bokskroniken útwreidet yn ynteressante nije rjochtings mar dochs trou bliuwt oan 'e woartels fan syn foargongers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Creed in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 42 resinsjes.