Nei noch ferskate oare lytse roltsjes waard Bach yn 1978 cast yn 'e tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, yn 'e rol fan Daisy Duke, it ferliedlike nichtsje fan 'e neven Bo en Luke Duke (spile troch John Schneider en Tom Wopat), dy't de korrupte county-kommissaris Boss Hogg en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane altyd te fluch ôf wiene. Op har audysje foar dy rol ûntdiek se dat de betinker en makker fan 'e searje, Gy Waldron, Daisy Duke seach as in soarte fan kloan fan countrysjongsterDolly Parton. Hoewol't Bach perfoarst net op Parton liek (se wie in brunette, wylst Parton blûn hier hie, om mar wat te neamen), makke se sa'n yndruk, dat se daliks oannommen waard. De kostúmideeën fan 'e Waldron-en-dy stiene Bach lykwols net oan, dat se kaam by de earste opnamen opdaagjen op hege hakken en yn in eigenmakke T-shirt en in spikerbroek dêr't de boksen ôfknipt wiene – en sa waard Daisy Duke berne. The Dukes of Hazzard waard in ûnbidich súkses, en rûn 7 tillefyzjeseizoenen, fan 1979 oant 1985. Bach, dy't útgroeide ta sekssymboal, wie foar in grut part ferantwurdlik foar dat súkses; doe't se as Daisy Duke foar in poster posearre, waarden dêr 5 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Se liet yn dy tiid har skonkenfersekerje foar $1 miljoen.
Nei't The Dukes of Hazzard yn 1985 stopset wie, foel Bach lykwols yn in grut gat. Se waard jierrenlang allinne mar typecaste yn rollen dy't as twa drippen wetter op Daisy Duke lieken. It nivo fan súkses dat hja mei The Dukes of Hazzard hân hie, koe hja nea wer belykje. Bach bleau lykwols wurksum as tillefyzje- en filmaktrise, en fertolke fral gastroltsjes en oare lytsere rollen. Yn 2002 brocht se in eigen merk diamantenjuwielen út by de warehûskeatlingDebenhams. Yn 2012 krige se in fêste rol as Anita Lawson, yn The Young and the Restless, in soapsearje op 'e Amerikaanske stjoerder CBS.
Priveelibben
Bach wie fan 1976 oant 1981 troud mei David Shaw, de styfsoan fan aktrise Angela Lansbury. Dat houlik einige yn in skieding. It wie trouwens Shaw dy't Bach oan har audysje foar The Dukes of Hazzard holp. Yn augustus1990 wertroude Bach mei Peter Lopez, in abbekaat foar de Amerikaanske entertainmentyndustry. Mei him krige se twa bern, har dochters Sophia en Laura. Op 30 april2010 waard Lopez dea fûn nei't er him blykber tekoart dien hie mei in pistoal.