Bistedokterspraktyk It Griene Hert (Nederlânsk en offisjeel: Dierenartsenpraktijk It Griene Hert)[1] is ien fan 'e gruttere bistedokterspraktiken yn noardwestlikFryslân. It bedriuw waard yn 2008 oprjochte,[2] as in fuortsetting fan 'e eardere Bistedokterspraktyk Wommels.[2] De haadfêstiging befynt him noch altyd yn Wommels, op it bedriuweterrein oan De Lange Baan oan 'e noardkant fan it doarp.[1] Der binne no ek fêstigings yn Wytmarsum, oan De Tunen, en yn Harns, oan 'e Groen van Prinstererstrjitte.[1]