Domtsjerke fan Helsingør
It Bisdom Helsingør (Deensk : Helsingør Stift ) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke , wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis
It bisdom waard op 1 jannewaris 1961 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Kopenhagen stifte. Under it bisdom falt de regio Hovedstaden , útsein de stêd Kopenhagen mei in pear rânegemeenten fan Kopenhagen .
Domtsjerke
De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Helsingør .
De domtsjerke is de Sint-Olaftsjerke (Sct. Olai Domkirke ) yn Helsingør .
Organisaasje
It bisdom bestiet út trettjin proasdijen (provstier ), dy't ûnderferdield binne yn 147 parochy's (sogne ) en 165 tsjerken (sifers fan 2023).[ 1]
Under it bisdom falle de folgjende proasdijen:
Ballerup-Furesø Provsti
Fredensborg Provsti
Frederikssund Provsti
Frederiksværk Provsti
Gentofte Provsti
Gladsaxe-Herlev Provsti
Glostrup Provsti
Helsingør Domprovsti
Hillerød Provsti
Høje Taastrup Provsti
Kongens Lyngby Provsti
Rødovre-Hvidovre Provsti
Rudersdal Provsti
Biskoppen
1961–1980: J.B. Leer-Andersen
1980–1995: Johannes Johansen
1995-2021: Lise-Lotte Rebel 1995 - 2021
2021- : Peter Birch
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: