De Amerikaanske piiptsjilling (Anas carolinensis) is in lytse ein, dy't in soad op 'e (Euraziatyske) piiptsjilling liket en foarhinne ek as ûndersoarte A. crecca carolinensis beskôge waard.
Beskriuwing
De Amerikaanske piiptsjilling is 31 oant 398 sm lang en hat in spanwiidte fan 52-59 sm. It eintsje weecht 140 oant 500 gram.
De fûgel liket wat oansjen en gedrach oanbelanget in soad op 'e piiptsjilling. By de wyfkes is hast gjin ûnderskie, mar by it mantsje fan 'e Amerikaanske piiptsjilling is de griene maskerflek fan it kopke in bytsje omseame mei in brúngiele râne, wylst dy by de Euraziatyske soarte dúdliker en helder giel is. Amerikaanske piiptsjillings hawwe boppedat in opfallende wite streek oan wjerskanten fan it boarst dy't by de Euraziatyske ein ûntbrekt. Oarsom hat de Euraziatyske piiptsjilling in horizontale wite streek op 'e flanken, dy't de Amerikaanske soarte net hat.
De Amerikaanske piiptsjilling mei graach oer ryk begroeid, dridzich gerslân en wetter mei in soad ûnderwetterplanten.
It oantal folwoeksen einen fan 'e Amerikaanske piiptsjilling wurdt op likernôch 3.900.000 rûsd. De fûgel liket yn oantal ta te nimmen.
Gedrach
De Amerikaanske piiptsjilling fan it noarden is in trekfûgel en oerwinteret folle súdliker fan syn briedgebiet. Bûten de briedtiid foarmet de fûgel grutte groepen.