Mol wie fan 1948 oant 1955 boaske oan balletdûnseres Lucy Bor. Se krigen in dochter: de aktrise Kika Mol (1949). Op 16 maart 1998 sleat Albert mei syn freon Guerdon Bill, dy't al tritich jier syn libbenspartner wie, in registrearre partnerskip yn Sutfen. Mol wie ien fan de earste ferneamde Nederlanners dy't yn it iepenbier witte woe dat er homoseksueel wie. Hy hat in soad krewearre foar de emansipaasje fan homoseksuelen.
De lêste jierren fan syn libben wie er in protte siik. Mol libbe doe tige op himsels yn Laren yn Gelderlân. Syn partner Bill stoar augustus 2003 mei 67 jier. Goed in heal jier letter stoar Albert Mol yn de âldens fan 87 jier yn Laren.